Guon minsken sille in brief krigen hawwe fan it 'Woonbedrijf' oer de priisfraach, wat de nije namme fan 'Klustermar' oanbelanget.

By dizze brief sit ek in aginda foar de ledegearkomste fan Doarpsbelang op 4 april, de jûn dat de nije namme foar 'Klustermar' bekend makke wurdt.

Op de aginda stiet dat nei it skoft in film te sjen wêze sil oer de oanlis fan de gaslieding yn 'e omkriten fan Eastermar. Dizze film giet lykwols net troch!

De gearkomst bliuwt oars tige nijsgjirrich. Der binne likernôch 70 dielnimmers dy't in namme ynstjoerd ha. De winner fertsjinnet in ballonfeart!

Ander nieuws van Doarpsbelang:
Ek nijsgjirrich: