Eastermar en it ‘Keppelfeest’
It is dit jier 60 jier lyn dat op freed 16 novimber 1951 de Ljouwerter plysje op it Saailân mei wapenstok en wetterkanon in ploech sympatisanten fan Fedde Schurer, de dichter, sjoernalist en politikus, út mekoar jage. Fedde Schurer makke him sterk foar it Frysk en moast dy dei foar it gerjocht komme om’t er yn syn krante - de Friese Koerier - de rjochterlike macht misledige hie. (Sjoch: http://nl.wikipedia.org/wiki/Kneppelfreed)
Om dit barren op in ludike wize wer by de Friezen yn omtinken te bringen hat de Ried fan ‘e Fryske Beweging in manifestaasje op tou set mei de namme ‘Keppelfeest’.
Fan septimber oant en mei novimber (60 dagen) sille tal fan aktiviteiten plakfine yn Fryslân. Yn dy 60 dagen wurde net allinnich Kneppelfreed en Fedde Schurer (1898–1968) betocht mar wurdt ek oandacht jûn oan de rykdom oan talen op de wrâld.
It motto is: net kneppelje mar keppelje. Want de soarch foar de eigen taal en it sprekken, brûken en stimulearjen dêrfan kin minsken tichter bymekoar bringe.
It inisjatyf foar it Keppelfeest wol ús feriening fan Doarpsbelang graach stypje en it bestjoer hat Eastermar ek oanmeld as dielnimmer oan dit Keppelfeest.
By in feest heart de fleur der yn te sitten! Sa ûntstie it idee by de organisaasje om alle dielnimmende doarpen in fleurich oansjen te bieden. Wat kin dêr better foar brûkt wurde as in flagge. Ien flagge? Nee, foar elk jier fan 1951 ôf ien. Sa kriget Eastermar de beskikking oer 60 flaggen!
Us doarp is ien fan de 60 dielnimmende doarpen yn ‘e provinsje en sa sille der dus oant de ein fan de feestperioade 3600 ‘Keppelflaggen’ yn Fryslân wapperje.
De flaggen binne spesjaal foar dit Keppelfeest makke en foar elk doarp is der in tapaslike tekst op printe. De tekst dy’t op de Eastermarder flagge stiet is:
‘it moaiste stikje Fryslân ha wy fûn by Eastermar’
(Mar dat wisten wy sels al jierren en jierren…)
De doarpsgenoaten dy’t fan 9 oktober o/m 19 novimber wol sa’n feestlike flagge (krije jim fergees) oan ‘e gevel ha wolle, kinne har opjaan by de Keppelfeestdoarpskontaktpersoan: Wijbe Postma, ’t Hôf 5, tel. 0512 471615, e-post: w.postma20@chello.nl. (Jo meie de flagge neitiid hâlde as 'collector's item'.)
De feestlikheden sille kommende saterdei starte mei in doarpsflaggemanifestaasje yn Ljouwert. Ek dêr sil ús doarpsfertsjintwurdiger de kleuren fan Eastermar heech hâlde!
Wa't alles witte wol oer dizze aktiviteiten, kin de PDF mei alle ynfo delhelje (2mb).
-
- Informatie
- 07 juni 2025
Eastermarder dorpsvlaggen
Het Eastermarder dorpsfeest staat weer voor de deur. Natuurlijk hoort dan de Eastermarder vlag fier... Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 juni 2025
Doarpsbelang freget jo help foar de nije doarpsfyzje
Eastermar moat in nije doarpsfyzje hawwe. Mar wat is dat eins, in doarpsfyzje? Dat is in plan dêr’t... Fierder lêze » -
- Informatie
- 22 maart 2025
Algemene Ledenvergadering 2025 Doarpsbelang Eastermar
Op dinsdag 15 april is de Algemene Ledenvergadering van Doarpsbelang Eastermar. U bent hierbij van h... Fierder lêze » -
- Informatie
- 13 december 2024
Brug Skûlenboarch weer open voor verkeer
Het heeft bijna een jaar geduurd, maar de brug over het Prinses Margrietkanaal bij Skûlenboarch is d... Fierder lêze » -
- Informatie
- 11 december 2024
Subsidieregeling Samenleving Tytsjerksteradiel 2025 opengesteld
Wilt u subsidie voor komend jaar, voor activiteiten op het gebied van cultuur, sport of samenlevings... Fierder lêze » -
- Informatie
- 18 november 2024
Speeltoestellen speeltuin Blauhûskamp weggehaald
De gemeente Tytsjerksteradiel heeft de speeltoestellen uit speeltuin De Kletspoat aan de Blauhûskamp... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 22 mei 2025
Foto's en útslach EA-Run 2025 online
Likernôch 1000 foto's stean der fan de EA-Run online, makke troch fotografen Erwin Lap en Jan Kooist... Fierder lêze »