Eastermarders,
efkes byprate oer it doarpsfeest.

Statuten oanpast
Nei it foarige, neffens ús tige slagge, doarpsfeest binne wy al wer drok dwaande mei de tariedings foar edysje 2008. Foar dejingen dy’t net op de ledegearkomste west ha: wy hawwe de statuten modernisearre en in bytsje oanpast sadat wy der wer 20 jier mei foarút kinne. De sittingstermyn foar in bestjoerslid is fan trije feroare yn fjouwer jier. Ek binne der wat bedragen yn gûnen oerset yn euro’s en is Oostermeer statutêr Eastermar wurden.

Sytze Wilkes en Henny v.d. Veen binne út it bestjoer gien en Toop van der Velde en Margreet de Vries binne der foar yn it plak kaam.
Oant sa fier wat west hat. No efkes foarút sjen. Wy wolle even in pear dinkjes, dy’t yn 2008 op it programma stean, mei jimme diele.

Baas boppe baas
Alderearst: op de freedtemoarn ha wy dit jier, fine wy sels, wat aparts. De Eastermarder 50+ers (en miskien ek wol wat jongere) kinne dit jier genietsje fan Rense Westra en Meriyem Manders (Talitha) dy’t de revu ‘Baas boppe baas’ foar ús spylje sille. Underskreaune (Cor Brouwer) hat mei frou, mem en Piertsje Hogendorp nei Earnewâld west om dit stik te besjen en wy fûnen it alle fjouwer de muoite wurdich. Op www.baasboppebaas.nl kinne jim hjir mear oer lêze en sjen.
Wêrom skriuw ik hjir no al oer? No, dit kostet nochal wat mear as wat wy oars altyd dienen, mar wy kinne ek net altyd it selde dwaan mienden wy. Dus tsjin de minsken dy’t de kommende moannen fan doel wienen om tsjin betelling yn it teater nei dizze revu te gean, soenen wy sizze wolle: tink dêr nochris oer nei as jo dizze foarstelling graach yn eigen doarp sjen wolle. It jild dat jo besparje, kin dan moai by de frijwillige bydrage stoart wurde as wy yn juny wer by de doarren delkomme. Kinne jimme der fêst rekken mei hâlde...


Eastermarder Music night
Fierder noch in berjochtsje oer in nei probearsel yn it programma dat as projekt foarearst de namme krijt: ‘Eastermarder Music night’. De bedoeling is dat lokaal talint him opjaan kin om op de jûn fan tongersdei (dit jier 26 juny) yn de tinte ien of mear muzikale keunststikjes út te fieren. Wy wolle earlik sein de earste merkedei eins net al te folle jild útjaan oan in muzykband earne oars wei, mar wy wolle fansels wol in swingende jûn ha en dan mei minsken út eigen doarp op it poadium. By de iepening fan de Komerk ferline jier wie dat ommers ek tige slagge.
Wa’t tinkt dat hy of sy hjir in bydrage oan leverje kin, dan graach opjaan oant mids april by my of ynfo oanfreegje fia tel. 471977 of email info@bbbv.nl.
Tink der om: it is gjin karaoke- of playbackshow, dus allinnich foar oarspronklik muzikaal talint. Wy sille dus earst wol even hearre wolle oft it oan de troch ús stelde kritearia foldocht! Oer begelieding op de ien of oare manier is altyd te praten en in lûdsynstallaasje wurdt ek foar soarge.

Fierder binnen wy mei mear aardige dingen oan de gong dêr’t jim tenei wol mear oer hearre sille. Ik kin yn febrewaris ek alles noch net út de doeken dwaan. Dan is de grap der ek ôf.

Voor de niet-Fries-lezer
Korte samenvatting voor de niet-Fries-lezende inwoner van ons dorp: het afgelopen jaar ging het goed en we zijn druk bezig met het dorpsfeest 2008. Vrijdagochtend 27 juni a.s. is er de revue: www.baasboppebaas.nl . Ga niet eerst elders naar deze theatervoorstelling maar houd uw geld in de knip om als vrijwillige bijdrage aan het dorpsfeest te geven. U bent dan ook weer een jaar lid van ‘Feestvereniging Eastermar’: wij vragen geen entree maar hebben uiteraard wel kosten.
Als u muzikaal begaafd bent kunt u mij tot half april bellen of mailen (471977 / info@bbbv.nl) en u opgeven voor de Eastermarder Music night op donderdag 26-6-2008. Geen karaoke of playback. Alleen voor oorspronkelijk talent.

Ut namme fan de Feestkommisje,
Cor Brouwer

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: