Eastermarders,
Wer efkes wat nijs fan ús. Sa't ik lêsten al skreau binne wy drok dwaande mei de tariedings foar it doarpsfeest edysje 2008. It giet lekker en wy dogge it wer mei nocht. Yn myn foarige skriuwen gong it oer www.baasboppebaas.nl op de freedtemoarn en de Eastermarder Muzyk Jûn op de tongersdeitejûn. No ha‘k twa oare dingen dêr't ik it efkes oer ha wol.
Alkoholferkeap oan persoanen ûnder de 16 jier
Wy sille dêr dit jier stranger op ta sjen. Wy ha it der noch oer hokker persoanen't in bandsje om de pols ha moatte: âlder as 16 jier of jonger, mar dat der soks barre sil is wis. Wy wolle no al fêst eltsenien freegje (âlders en jeugd) om hjir mei ús om te tinken. Behalven dat it net goed is foar dizze groep jeugd kin de feestkommisje fette bekeurings krije as wy oan dy leeftydsgroep ferkeapje! Wy brûke ús jild leaver foar it feest sels en jou it leaver net út oan ditsoarte saken.
Helikopterflecht
Op de saterdeis fan it feest kinne jim in rûnflecht meitsje oer Eastermar yn in helikopter fan www.heliholland.nl. Jimme kinne jim hjirfoar opjaan op tiisdei 24 en woansdei 25 juny fan 19:00 oere ôf yn de tinte op de Komerk. Tagelyk kinne jim dan de kaarten foar de Eastermarder Jûn ophelje. De rûnflecht kostet € 22,= p.p.
Voor de niet-Fries-sprekende dorpsgenoten: Dit jaar verkopen we geen alcoholhoudende dranken aan personen beneden de 16 jaar en u kunt zich op 24 en 25 juni vanaf 19:00 uur in de feesttent opgeven voor een helicopterrondvlucht op 28 juni boven Eastermar. Kosten € 22,= p.p.
Feestkommisje,
Cor Brouwer
-
- Informatie
- 11 juni 2025
Brouwer&Brouwer BV verlengt hoofdsponsorschap skûtsje Ea
Brouwer & Brouwer BV heeft vrijdag 16 mei het sponsorcontract met 3 jaar verlengd.Hier zijn wij als... Fierder lêze » -
- Informatie
- 08 juni 2025
10 jier doarpskrante MARNIJS!
De doarpskrante bestiet dit jier 10 jier. Meikoarten falt yn hiel Eastermar it jubileumnûmer yn de b... Fierder lêze » -
- Informatie
- 07 juni 2025
Eastermarder dorpsvlaggen
Het Eastermarder dorpsfeest staat weer voor de deur. Natuurlijk hoort dan de Eastermarder vlag fier... Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 juni 2025
Doarpsbelang freget jo help foar de nije doarpsfyzje
Eastermar moat in nije doarpsfyzje hawwe. Mar wat is dat eins, in doarpsfyzje? Dat is in plan dêr’t... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 07 juni 2025
Eastermarder dorpsvlaggen
Het Eastermarder dorpsfeest staat weer voor de deur. Natuurlijk hoort dan de Eastermarder vlag fier... Fierder lêze »