Moandei 9 july hat de feestkommisje it doarpsfeest evaluearre. Op wat lytse dinkjes nei ha wy it doarpsfeest as in echt feest ûnderfûn. Wy hoopje dat alle besikers, frijwilligers en betelle artysten dat ek sa field ha. Der is hiel wat reinwetter fallen mar wat ha wy it troffen mei û.o.:
* Dat wy de tinte in wike earder al opset hienen foar de Rabo-lededei, sadat wy net de wyks dêrop yn de drek omklauwe hoegden.
* Dat de dikste buien foelen doe't wy yn de tinte wienen.
* Dat wy in tinte hienen!
* Dat Eastermarders, neffens de artysten en de amusemintsbegelieders (security), sokke positive feestfierders binne.
* Dat elk dy't frege waard om te helpen dat ek fuortendalik die.
* Dat it de saterdeis sok moai waar wie.
* Dat dit feest sa draaie kin mei troch de royale frijwillige bydragen fan tal fan Eastermarders.
Wat ha wy in bytsje drokte hân mei minsken dy't har net gedrage koenen. Wat de feestkommisje oanbelanget allinnich mar positive lûden en wy wolle elkenien dy't op hokker wize ek bydroegen hat om dit doarpsfeest wer sa'n geweldich feest te meitsjen, tige bedanke.
Foar de feestkommisje wie it in drokke wike, mar as it dan giet sa't men hopet dat it gean sil, dan wit je wêr't je it foar dogge. Wy ha it mei nocht dien en krigen ek in protte positive reaksjes. Dat is altyd moai fansels.
Ferklaaiwedstriid
Der ûntbrekt noch ien ding en dat is de útslach fan de ferklaaiwedstriid fan de freedtejûn. Us oprop om op 'e bûnte jûn yn jierren-70 klean te ferskinen, waard troch ferskate doarpsgenoaten bjusterbaarlik hip oppakt. Wy ha net keazen foar in hiele strjitte, mar foar twa opfallende ferskiningen: Pieter en Iris van Hoeken-Rusz, twa nije doarpsgenoaten dy't wenje njonken kafee 'it Breed'.
Foar it oare jier sille wy ús bêst dwaan om der wer wat moais fan te meitsjen. Tips binne, as reaksje op dit stikje, altyd wolkom!
Dat kin fansels ek op de ledefergadering dy't wy hâlde sille op 16 novimber, sa't it no liket by Heymen en Ada yn Hotel Meerzigt, op ‘e brêge-ein. De film fan it ôfrûne doarpsfeest sil dan ek fertoand wurde.
Ut namme fan de feestkommisje, Cor Brouwer
-
- Informatie
- 17 januari 2025
Marnijs editie 47 tot en met 51
Reeds verschenen nummers van Dorpskrant Marnijs zijn digitaal via deze website te downloaden in PDF... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 januari 2025
Verkeersveiligheid in en rondom Eastermar
Al eerder is er aandacht besteed aan de verkeersveiligheid in en rondom Eastermar. In augustus 2023... Fierder lêze » -
- Informatie
- 16 januari 2025
Eastermar is...
...oan 'e Achterwei in oansteand (kryst)beammebosk riker?It begjin is der! Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 januari 2025
Pubquiz tbv Alpe d'Huzes/KWF
-
- Informatie
- 01 juli 2024
Uitslag verloting skûtsje 'de Broekophâlder'