Men soe hast sizze, it oare jier moat dy feesttinte noch grutter. Sa'n enoarme belangstelling wie der foar it toanielstik 'Dik tefreden'. De wurdearring foar it stik fan it publyk wie grut. In moai súkses foar de spilers, toanielbouwers, ynsteksters en al dy misken, dy't tiden oan it oefenjen west hawwe.
Foarôf wie der de útslach fan de sjuery foar de buertfoarstellings. Cor Brouwer lies it sjueryrapport foar, skreaun troch Geale Tadema en freondinne Tineke. De earste priis wie foar de Mâle Hoarnst, twadde is It Heechsân wurden en tredde it Fjouwerkant.
Dêrnei koe it dûnsjen los mei Rintje Kas en kornuten. In superôfsluter fan dei twa fan it doarpsfeest.
-
-
- Informatie
- 14 maart 2025
De brêgewipper komt werom yn Eastermar
Ynienen stiet der in blau hokje by de Litsbrêge. It hokje is bedoeld as ûnderkommen foar de brêgewip... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 maart 2025
Uitnodiging TIP-wandeling
Het bestuur van TIP Eastermar Promoasje heeft in de februari-editie van de dorpskrant ‘Marnijs’ aang... Fierder lêze » -
- Informatie
- 10 maart 2025
EA-Bloeiweek 2025
Let op, eerder is foutief 12 februari als datum van de brainstormsessie genoemd. Dit moet zijn dinsd... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 01 juli 2024
Uitslag verloting skûtsje 'de Broekophâlder'