De histoaryske ikkers oan de Achterwei binne wer ynsiedde mei âlde graansoarten. Yn it ferline barde dit troch belutsen ynwenners fan Eastermar.
Dit jier is it dien yn opdracht fan Staatsbosbeheer, mei op fersyk fan Eastermar Bloeit en Energyk Eastermar.
Om foar te kommen dat alles foar dy tiid troch fûgels opfretten wurdt, hat Enerzjyk Eastermar fûgelferskrikkers pleatst. De fjouwer sabeare mûzebiters bliuwe fleanen oant it nôt heech genôch is. De rispinge sil nei alle gedachten tidens de Eastermar Bloeit-wike wêze, dat is de lêste wike fan augustus.