Simmer

Hoewol’t it simmerfakânsje west hat, wol dat net dizze dat it Mienskipshûs net brûkt is. De hiele simmer wie it in kommen en gean fan minsken dy’t op hokker wize dan ek, belutsen binne by it iepenloftspul fan Eastemar, Ea komt it wetter. Bestjoersleden, spilers, dekôr- en kostúmploech, allegearre ha se op syn minst ien kear yn it Mienskipshûs west.
Yn de wike fan 8 o/m 16 augustus Bloeide Eastemar wer omraak. Ferskate aktiviteiten wiene yn it Mienskipshûs, de Langste Tafel wie dizze kear fanwege it waarme waar op it gersfjildsje neist it parkearterrein fan de Burgerkamp. In prachtich skaadplakje dêr’t in stik as 40 minsken hearlik mei elkoar, iten, dronken en praat ha.

langste tafel 1Lt 2Lt 3

Winter
De tiid fan koarte dagen en lange jûnen stiet no wer foar de doar. Wy hoopje dat in protte Eastermarders it paad ek dit winterskoft wer fine kinne foar ien fan de fêste aktiviteiten of miskien foar oare, nije dingen dy’t plakfine yn ien fan de romtes fan it Mienskipshûs.

Bridge
Ek dizze winter is der wer de mooglikhyd om û.l.f. Freerk Hamstra it bridgen te learen.
Ynfo en opjaan kin by Wilma de Vries 06 28301217 of Epie Bosma 06 54216169.

Damje
By genôch belangstelling kin der damme wurde yn it Mienskipshûs. Foar mear ynformaasje: Wijbe Postma 06-22310712

Reservearje
It reservearjen fan in romte yn it Mienskipshûs kin fia de webside fan it Mienskipshûs:
https://mienskipshus.nl 
As alles op it reservearringsformulier goed ynfolle is komt der in befestigingsmail foar de ûntfangst fan de reservearring. De reservearring is pas jildich as der in twadde mail achteroan komt. Komt der gjin mail, dan graach kontakt opnimme mei ien fan de wurkgroepleden.

Fêste aktiviteiten
Moandeis - 2e moandei fan de moanne 10.00 – 13.00 oere:  Kofjedrinken/Sosjaal Miel Lokaal Loket
Moandeis - De lêste moandei f.d. moanne 20.00 – 21.30 oere:  Skriuwjûn Amnesty International. Yn july en augustus net
Tiisdeis - Klaverjassen 14.00 – 17.00 oere
Woansdeis - Hantwurkgroep (ûneven wiken) 09.30 – 11.30 oere
Tongersdeis - Kreative moarn foar alle leeftiden 10.00 – 12.00 oere
Freeds - Kofjedrinken 10.00 – 12.00 oere (Lokaal Loket)
Freeds - Digitale help (lêste freed f.d. moanne) 10.00 – 12.00 oere (SeniorWeb)

Timme Koudstaal jout muzyklessen yn de Beltsjeblom.

De biblioteek yn de Tuorrebout is iepen as de doar fan it Mienskipshûs ek iepen is.

Foar mear ynformaasje oer it Mienskipshûs:
https://mienskipshus.nl
Epie Bosma 06 54216169
Antsje Schoenmakers 06 24342336
Wilma de Vries 06 28301217