Wa wol dat net: in tún fol griente dêr’t men it hiele jier út ite kin. Sels yn dizze tiid fan dan te min en dan wer tefolle reinwetter.
Benijd hoe túnkers op de sânige Eastermarder grûn dat foar elkoar krije en wolst der ek wat fan opstekke?
Kom dan op saterdei 12 july fan 13:30 – 17:00 oere nei trije hiel ferskillende ‘Iepen Grientetunen’
Op It Heechsân jout Evert Frankes antwurd op fragen en fertelt oer snoade tapassingen yn de grientetún.

Heechsân 1b: Tsjip en Martsje de Vries - Klassike grientetún sa’t pake dat oanpakte.
Heechsân 19: Famylje De Vries - Grienten yn bakken en allerhanne eksoaten yn de kas. 
Seadwei 5: Oebele Brouwer en Ynske Boomsma - Grientetún mei wikselbou en Itersbosk

grientetún

ea bloeit