Saterdeitemoarn 24 augustus is de Bloeiwike fan Eastermar feestlik iepene. Eastermar nimt it stokje oer fan Wergea en lit oant en mei 30 augustus it doarp noch mear en noch moaier bloeie. Dit bart troch it organisearjen fan in hiele protte aktiviteiten troch en foar de doarpsgenoaten. It is de bedoeling dat der sawysa folle oandacht is foar natuer, kultuer, duorsumens, sûnens en fansels mienskip. 

Yn in prachtich oanklaaide tinte op de Eastermarder Iterstún en mei in protte folk, toveren boargemaster Jeroen Gebben, Bouwe de Boer fan freonen fan fossylfrij Fryslân, Eltine Wiersema fan Enerzjyk Eastermar en Jellie Ewoldt fan de Iterstún - bosk dizze wike iepen mei de wurden:  EA, BLOEI MAR TA! 

De wurden binne foarme troch blombollen. Safolle dielnimmers meidogge oan de aktiviteiten dizze wike, safolle bollen kinne letter de Eastermarder grûn yn. Gebben priizge it doarp. De mienskip wurdt der aktyf by belutsen. Om grutsk op te wêzen. Hy oppere it idee om it oare jier wèr mei te dwaan? Wèr foar it Easterbarren op? 

Achter de skerms binne yndividuen of groepkes Eastermarders al hiel lang dwaande om mei-inoar in prachtprogramma gear te stallen en it doarp letterlik yn de blomkes te setten. Foarsitter Wiebe Visser jout oan dat it in goeie saak is regelmjittich efkes op it blokkenskema te sjen oft der ek oanpassingen binne yn de aktiviteiten. Dit kin fia eastermar.bloeit.frl

Eastermar Bloeit folgje op instagram en facebook is ek ynformatyf en oan te rieden! 

Klik hjir foar de fotoreportage fan de iepening (foto's Albert Bakker).

AHB 3738