Tresoar, it Frysk histoarysk en letterkundich sintrum yn Ljouwert, organisearre op 23 maaie yn it ramt fan Dam Jaarsma's 100e bertejier in bustocht troch it gea dêr't de ferhalen opfandele binne. De start soe moarns yn Ljouwert wêze. 
Wol wat omslachtich mienden Wijbe en ik: earst mei de auto fan Eastermar nei Ljouwert, dan mei in bus werom om yn ‘e omkriten fan Eastermar om te krúskjen en dan wer nei it begjinpunt yn Ljouwert om de auto op te heljen en wer nei Eastermar te riden. Mar och, ornearren wy, wa sil it ús ferbiede? En doe’t Antsje en Jeike, meiredaksjeleden, der ek wol nocht oan hiene, binne wy yn ien auto dy kant op gien.

De kopkes dy’t boppe de hollesteunen útstutsen wiene frijwat griis, de jurkjes beblomme, de jacks anwb-snit en it gehalte skoalmasters/-juffers mei pensjoen heech, mar it lette neat: de skoalreiskesfear siet der fuort yn. 
Begelaat troch folksferhalen dy’t Douwe Kootstra fertelde en in pear gedichten fan Dam, foarlêzen troch syn frou Romkje Bosma, rieden wy binnentroch fan Ljouwert fia Tytsjerk, de Lytse Geast, Burgum en Garyp nei Nyegea, it wenplak fan ien fan Dam syn belangrykste ynformanten: Geeske Kobus-v.d. Zee. Yn ‘t Kommissiehuys stie de kofje klear, mei gebak en in pear ferhalen.

Doe nei Boelensloane - dêr’t Dam Jaarsma destiids in soad ferhalen hearde fan mollefanger Anders Bijma - en fia Houtigehage en de Harkema oer de Joere op nei Eastermar, nei ‘De Parel’, foarhinne ’s Lands Welvaren, foar in wolfertsjinne lunch. In frjemde gewaarwurding om mei in bus yn Eastermar oan te kommen, te wuivjen nei doarpsgenoaten en op ús eigen Breed as gast in hapke te iten…

In kuierke nei it Dam Jaarsmahûs; in besite oan de útstalling yn it koetshûs by Auke de Jong mei wer in pear moaie folksferhalen fan Douwe Kootstra; it besjen fan de tige wurdearre eksposysje yn de Kjellingen en as lêste it oanbieden fan it ‘Mearkes út ‘e Wâlden’-boek yn theater Meerzigt troch kultuerdeputearre Jannewietske de Vries oan in pake- en beppesizzer fan Anders Bijma en Geeske Kobus… Eastermar op syn bêst! Mei tank oan Jelle Krol, Tresoarmeiwurker en ús sjauffeur op de Hofstrabus. Swaan Postma

It boek ‘Mearkes út ‘e Wâlden, sammele troch Dam Jaarsma', wurdt de foaryntekeners dy’t it by de presintaasje net ophelle ha, tastjoerd foar € 24,95. Foar oare belangstellenden te keap by de boekhannel foar € 29,50. Utj. Bornmeer: ISBN 978-90-5615-325-0

Filmverslag van de bustocht:
in het Nederlands hier te zien: https://www.youtube.com/watch?v=d10pWjkgI58
e
n in het Fries hier te zien: https://www.youtube.com/watch?v=GvVCGsRNBIs&feature=player_detailpage

IMG 8953

IMG 8956 

IMG 8963  

IMG 8966

 IMG 8973

Ander nieuws van st. Dam Jaarsma: