Op de middeis fan 4 en 5 september ha de basisskoallebern fan de groepen 5 oant en mei 8 fan De Balsemyn en De Bolster in soad heard oer en sjoen fan harren ferneamde eardere doarpsgenoat. Ald-skoalmaster Wijbe Postma fertelde de bern yn fjouwer gastlessen oer Dam Jaarsma.
Yn de wike dêrfoar hiene de bern fan beide skoallen ûnder lieding fan âld-skoaljuffer Boukje Annema-Larooi al in priuwke fan Jaarsma’s samlingen meikrige troch de útstalde rouattributen yn ‘e fernijboude tsjerke op ’t Heechsân te besjen.
Yn ‘e gastlessen fan Postma hearden de bern yn har lokaal earst wat oer libben en wurk fan Dam. Dêrby lei it aksint op syn dichtwurk, de aansichtesamling fan Eastermar en fansels de folksferhalen. By dat lêste sloegen de fantastyske ferhalen fan Jan Hepkes, de Baron von Münchhausen fan ‘e Wâlden en de avontoeren fan Sterke Hearke, de Herkules fan ‘e Wâlden, fansels bot oan.
De lessen waarden ôfsletten mei in besite oan ‘e Dam Jaarsma-útstalling yn De Kjellingen. Dêr koene de bern oan ‘e hân fan in tal fragen in idee krije fan de breedte fan Jaarsma’s ynteresses en Dams neiboude hûskeamer besjen.
In folgjende aktiviteit foar dizze basisskoallebern yn ‘t ramt fan it 100-ste bertejier fan Dam Jaarsma is it folbringen fan in opdrachtesirkwy troch it doarp op freedtemiddei 19 septimber.
Foto's KBS de Balsemyn
-
- Informatie
- 06 september 2024
Bloeivolle verhalen activiteiten
Tijdens de Bloeiweek hebben Loltsje, Aukje, Ant, Wijbe, Ypie en Iris Eastermar laten zien en horen h... Fierder lêze » -
- Informatie
- 26 augustus 2024
Eastermar Bloeit vol verhalen!
Loltsje van der Zee en Wijbe Postma, wat hebben die gemeen? Ze kunnen beiden mooi vertellen!En dat d... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 november 2019
Verhalenavond Fryslân met debuut voor dorpsgenoot
Vrijdagavond 15 november was het Verhalenavond en ontmoette heel Friesland elkaar in winterwarme sfe... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 november 2019
Als stenen konden spreken... Vrijdag 15 nov. 19-22 uur
Vrijdagavond 15 november is het Verhalenavond en ontmoet heel Friesland elkaar in winterwarme sfeer... Fierder lêze »