Andries Bijma

Andries Bijma (1890-1977) út Boelensloane wie mollefanger, arbeider mar ek genêzer. Hy sammele argeologysk materiaal èn fertelde in protte ferhalen oan Dam Jaarsma. Dy ferhalen hie er wer heard fan syn pake Alle Bijma.

Dam Tour

Saterdei 17 maaie 2014 wie de earste doarpsrûnlieding mei gids: de Dam Tour. It wie in tige slagge middei en ien fan de dielnimmers wie Hinke de Roos-Bijma, pakesizzer fan Andries Bijma: 'Troch de ferhalen fan myn pake haw ik ek mear belangstelling krige foar Dam Jaarsma en woe ik dizze Dam Tour graach meimeitsje. Ik woe in noch bettere yndruk krije fan syn samling en syn ferhalen. Ik wie per ûngelok in oere te gau en bin dêrom earst mar nei de Kjellingen gien en ha dêr it filmportret sjoen. Sa wist ik letter de gids bygelyks oan te foljen dat de broer fan Dam Jaarsma lêst fan de skyldklier hie! Ik fûn it in moaie rûnlieding mei in protte ynformaasje. Wy krigen ek ynformaasje oer de histoarje fan Eastermar en binne troch de Beimastrjitte rûn nei de pleats fan syn neef Auke. Ik bin stomferbaasd hoefolle't Jaarsma sammele hat! Safolle guod hie ik nea tocht!

By de eksposysje yn de Kjellingen krije jo in byld hoe't it echt west hat. Dy neiboude keamer makket it sa echt en nijsgjirrich. It is moai dat al dy ferhalen, dêr't de ferhalen fan myn pake ek diel fan útmeitsje, bewarre bliuwe. Der waard ek praat oer in spesjaal bankje, flakby Eastermar. In stekje? Dêr wol ik ek nochris hinne.

Oare dielnimmers giene nei ôfrin noch lekker efkes op it terras sitten. Dat like my oars ek wol wat, mar ik moat myn enerzjy sparje. Ik wenje yn Ede mar kom hjir gau wer om oare Dam Jaarsma-aktiviteiten mei te meitsjen. Ik haw ek al in ynterview mei Omrop Fryslân hân!'

170514-3 

170514-4

 

Ander nieuws van st. Dam Jaarsma: