‘Wat witte jo fan Dam Jaarsma?’

Dat wie it ûnderwerp fan de middei dy’t de Stichting Dam Jaarsma 100 jaar’ op Dam syn hûndertste bertedei organisearre yn ‘De Hege Stins’ op ’t Heechsân. In tige slagge inisjatyf. Nei in ynliedend wurdsje fan stichtingsfoarsitter Iris Rusz naam Gosse Koopmans as petearlieder de mikrofoan oer en rôp de rom tritich oanwêzigen op om syn of har herinneringen oan de (ferhale-)samler te dielen.

Dat slagge fuortdaliks al tige goed, want Wilco Tjeerdsma beskreau de prachtige fytstocht dy’t er eartiids mei in groepke bern ûnder lieding fan Dam makke hie nei Fogelsanghstate yn Feankleaster en it Simke Kloostermanhûs yn Twizel. Underweis fertelde de reislieder ek noch folksferhalen.
Ek stipte er de bân oan dy’t Dam Jaarsma hie mei keunstskilder/yllustrator Aizo Betten. Wilco hie it jeugdportret dat Betten fan him makke hie meinommen.

Dêrmei wie de mooglike skrutenens fan ‘e oare taharkers wol ferdwûn en gienen de moaiste ferhalen en anekdoaten oer de tafel. Frou de Jong fan ‘e Drachtster Pein hie as bern, nei oanlieding fan in godstsjinstles fan Dam oer de tocht fan Mozes troch de Reade See, in opstel skreaun dat einige mei de sin: ‘En de farao en zijn mannen verzopen allemaal.’ Sy koe ek noch in hiel stik tekst út har rol fan in troch Dam Jaarsma en Jelle van der Meulen skreaun bernetoanielstik opsizze...

It advys fan de boppemaster wie dat Marietje de Jong nei de legere skoallle nei de húshâldskoalle moast. “Dat woe ik net”, sei frou De Jong, “want ik wie bang dat ik dan iten meitsje moast dat ik net mocht…” Dam Jaarsma tocht lykwols dat der folle mear yn siet en advisearre har âlden om har de ULO folgje te litten en fia dat paad is hja úteinlik skoaljuffer wurden.

Martsje Mud hie ds. Jaarsma meimakke by it fraachlearen (kategisaasje) op ‘e legere skoalle yn ‘e Pein en wie fan betinken dat Dam in noflik en sêftsedich minske wie. Mar Marjan Blauw, dy’t oan itselde taffeltsje siet, wist te melden dat er dat net altyd wie: doe’t in klasgenoat in pynlike fal fan syn stoel makke en in lûde flok hearre liet, krige er fan Dam ‘in bêste klap foar de harsens’. Ek fertelde Marjan dat Dam har kategisaasjeklasse meinaam nei de film Ben Hur en nei it Kokelhûs fan Jan en Sjut yn Earnewâld.

Eastermarder Jan de Jong fernuvere him deroer dat Dam Jaarsma buorlju en oare doarpsgenoaten amper koe. Hy en syn frou wienen al jierren syn achterbuorlju, mar doe’t Pytsje, Jan syn frou, by in doarpsgenoat op sikebesite wie en Dam der ynkaam, frege er har: “En jo binne seker de ferpleechster?”

Dêrfoaroer it ferhaal fan de famylje Postma dy’t noch mar in jier yn Eastermar wenne en by it ferstjerren fan harren famke in tige persoanlike kondoleânsebrief fan de doe foar harren ûnbekende Jaarsma krige.

De freonskip fan Dam Jaarsma mei dhr. Koen fan Twizel kaam noch oan ‘e oarder en ek syn kontakt mei de yn ‘e oarloch yn De Kompenije ûnderdûkte Salo Muller – letter bekend as de masseur fan ‘e Ajax-seleksje – waard besprutsen.

Dizze nijsgjirrige middei waard troch foarsitter Rusz ôfsletten mei de oprop om foaral nochris op in saterdeitemiddei in besite oan de Dam Jaarsma-útstalling yn ‘De Kjellingen’ te bringen en mei in tankwurd oan Gosse foar syn ûnderhâldende treflike lieding fan ’t gehiel.

 

luisteren naar verhalen en herinneringen aan Dam Jaarsma

Ander nieuws van st. Dam Jaarsma: