Under alderheislikst lûde knallen is yn de nijjiersnacht it Breed omdoopt ta Dam Jaarsmaplein.
Nijjiersnacht om 00.30 oere stie in grutte groep Eastermarders, belangstellenden en famylje nei de wurden fan doarpsbelangfoarsitter Jan Wind te harkjen. Hy en Iris Rusz (Foarsitter Stichting 100jaar Dam Jaarsma) ûntbleaten tegearre mei fjoer en faasje it nije boerd: Dam Jaarsmaplein. Ek kaam der in ‘facebook-boek’ mei in moai portret fan Dam Jaarsma foar ’t ljocht. Dit levere noch mear en nóch lûdere knallen op!
As samler fan ferskeidene soarten folkskultuer hie Dam Jaarsma dit grif wurdearre, ommers: knalle om de kweageasten te ferdriuwen, in speech om in mienskiplik punt te markearjen en in strjitnammeboerd om ien fan grutte betsjutting te earjen. Dat hyséls oait ûnderwerp fan in feestlik jier wêze soe, hie er grif nea tocht...
Fan 1 jannewaris ôf is it Dam Jaarsmajier no ek te folgjen op: https://www.facebook.com/damjaarsma
It betinkingsjier is úteinset!
Martsje Mud
-
- Informatie
- 06 september 2024
Bloeivolle verhalen activiteiten
Tijdens de Bloeiweek hebben Loltsje, Aukje, Ant, Wijbe, Ypie en Iris Eastermar laten zien en horen h... Fierder lêze » -
- Informatie
- 26 augustus 2024
Eastermar Bloeit vol verhalen!
Loltsje van der Zee en Wijbe Postma, wat hebben die gemeen? Ze kunnen beiden mooi vertellen!En dat d... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 november 2019
Verhalenavond Fryslân met debuut voor dorpsgenoot
Vrijdagavond 15 november was het Verhalenavond en ontmoette heel Friesland elkaar in winterwarme sfe... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 november 2019
Als stenen konden spreken... Vrijdag 15 nov. 19-22 uur
Vrijdagavond 15 november is het Verhalenavond en ontmoet heel Friesland elkaar in winterwarme sfeer... Fierder lêze »