uitreiking boek

 Yn in grôtfol Theater Meerzigt yn Eastermar hat Jannewietske de Vries freed 23 maaie de earste eksimplaren fan dit skitterende boek útrikt oan bernsbern fan twa belangrike fertellers: Hinke de Roos-Bijma en Griet van den Bosch-Tibbesma, pake- en beppesizzer fan Andries Bijma út Boelensloane en Geeske Kobus-van der Zee út Nijegea.

'De sammele ferhalen troch Dam Jaarsma sizze wêr 't wy weikomme en woartele binne. Dat is wichtich foar it foarmjen fan ús identiteit, en heart by it Frysk kultureel erfguod', sa sei Jannewietske.

Teake Oppewal hie in fraachpetear mei Anne Popkema en mei de beide yllustratoaren Peter Boersma en Hilda Groenesteyn. Theo Meder fan it Meertens Instituut joech in koarte lêzing oer it wurk fan Dam Jaarsma. Douwe Kootstra krige de seal oan it laitsjen mei trije ferhalen dy 't ek yn it boek foarkomme.

Griet sei yn har tankwurdsje dat se de ferhalen dy 't har beppe fertelde no mei dit prachtige boek trochjaan sil oan hàr bernsbern.

En sa hat Dam Jaarsma, samler foar it neiteam, it grif bedoeld!

De foto's binne fan Jan Reitsma.

Douwe Kootstra
Douwe Kootstra fertelt in ferhaal

Teake Oppewal in petear mei Anne Popkema
Teake Oppewal yn petear mei Anne Popkema

Teake Oppewal yn petear mei de yllustratoaren 
Teake Oppewal yn petear mei de yllustratoaren Peter Boersma en Hilda Groenesteyn

Theo Meder
Theo Meder fan it Meertens Instituut

nei ôfrin
Nei ôfrin noch in drankje

boekpresentatie
Geselliche neisit

Gau yn it neie boek sjen 
Gau yn it nije boek sjen

 

Ander nieuws van st. Dam Jaarsma: