Op de alderearste byienkomst fanwege in mooglik Dam Jaarsmajier waard it idee al oppere: in Dam-toernoai. Op 'e bradery by it doarpsfeest is der op it Harstepaed omtinken foar it Dam Jaarsmajier en ja, der is ek in Dam-toernoai!
Wat kin men, behalven it damjen, noch mear oan aktiviteiten tsjinkomme op it Harstepaed op 28 juny?
Fansels is der ynformaasje èn de mooglikheid om it boek 'Mearkes út 'e Wâlden, sammele troch Dam Jaarsma' te besjen en te keapjen. It kostet € 29,50. In boek om te hawwen, kado te jaan, sels te lêzen of om foar te lêzen.
'De Kruidhof' út Bûtenpost stiet der mei produkten dy't makke binne fan krûden út eigen tún, sa as lavindel-, goudsjeblom- en sint-jansoalje en gastesjippe mei krûden út de botanyske tunen. Der is oandacht foar ferhalen, foar âlde spultsjes út de tiid fan Jaarsma, foar gedichten... en noch folle mear. Ek in grabbeltonne ûntbrekt net!
Lit jim ferrasse! Foar jong en âld is der wat te rêden en wolle jo efkes út de drokte fan de diskemerk? De eksposysje 'Dam Jaarsma, samler foar it neiteam' is mei de bradery oant middeis 15.00 oere iepen yn de Kjellingen! Folgje de Dam Jaarsma-eksposysjebuorden en de beachflags.
Graach oant sjen!
-
- Informatie
- 19 november 2019
Verhalenavond Fryslân met debuut voor dorpsgenoot
Vrijdagavond 15 november was het Verhalenavond en ontmoette heel Friesland elkaar in winterwarme sfe... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 november 2019
Als stenen konden spreken... Vrijdag 15 nov. 19-22 uur
Vrijdagavond 15 november is het Verhalenavond en ontmoet heel Friesland elkaar in winterwarme sfeer... Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 november 2019
Iedereen heeft wat te vertellen | Tryater Rûnom. Over mensen met een autisme in onze samenleving
Als niemand naar je luistert en niemand je ziet, hoe houd je je dan staande?Op zondag 10 november va... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 juni 2019
Laatste gratis kaarten vanavond Landschapssymfonie try-out
Vanavond try-out van de Landschapssymfonie, een muzikaal sprookje over de mooie Noradlike Fryske Wâl... Fierder lêze »