Under alderheislikst lûde knallen doopte Jan Wind, foarsitter fan de Feriening foar Doarpsbelang Eastermar, yn 'e foarige âldjiersnacht it Breed om ta Dam Jaarsmaplein. It betinkingsjier 2014 sette útein.
Yn Eastermar, mar ek fier dêrbûten, wiene in protte minsken dwaande dit jier ta in sukses te meitsjen. In soad frijwilligers wurken mei, der waard in geweldich moaie 1 aprilgrap betocht en wy hiene nea dreame kind fan safolle mediaoandacht.
Eksposysjes, rûnliedingen en foarstellingen wienen te bewûnderjen; der kaam in moai boek út en ek binne skoalbern yn 'e kunde kaam mei wurk en libben fan dizze 'samler foar it neiteam'. Wat in aktiviteiten! Wat in omtinken en reaksjes! Alle oandacht resultearret wat ús oanbelanget yn 'e takomst yn bliuwende aksjes.
It buordsje Dam Jaarsmaplein is ûngemurken ferwidere. De betinking fan 100 jier Dam Jaarsma yn 2014 hat west en it Breed hyt wer it Breed.
Graach jouwe wy it stokje mei feestlikheden troch oan de Feriening foar Doarpsbelang Eastermar, dy't yn 2015 100 jier bestiet. In protte sukses en plezier tawinske!
Mei freonlike groetnis,
it bestjoer fan Stichting 100 jaar Dam Jaarsma,
Iris, Harmke, Sharon, Willem en Martsje
-
- Informatie
- 06 september 2024
Bloeivolle verhalen activiteiten
Tijdens de Bloeiweek hebben Loltsje, Aukje, Ant, Wijbe, Ypie en Iris Eastermar laten zien en horen h... Fierder lêze » -
- Informatie
- 26 augustus 2024
Eastermar Bloeit vol verhalen!
Loltsje van der Zee en Wijbe Postma, wat hebben die gemeen? Ze kunnen beiden mooi vertellen!En dat d... Fierder lêze » -
- Informatie
- 19 november 2019
Verhalenavond Fryslân met debuut voor dorpsgenoot
Vrijdagavond 15 november was het Verhalenavond en ontmoette heel Friesland elkaar in winterwarme sfe... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 november 2019
Als stenen konden spreken... Vrijdag 15 nov. 19-22 uur
Vrijdagavond 15 november is het Verhalenavond en ontmoet heel Friesland elkaar in winterwarme sfeer... Fierder lêze »