It stik E.M. Beimastrjitte tusken ’t Breed en Meerzigt is ienrjochtingsferkear. De ferplichte rydrjochting bringt de ferkearsdielnimmer (foar fytsers/brommers jildt dy ienrjochtingsregel net) it doarp út. Hoe feilich (!) én moai soe it wêze en draai dy rydrjochting om. Dêroer is yn gearkomsten fan Doarpsbelang Eastermar wolris praat, der binne ek rjochting gemeentehûs wol fragen oer steld, mar dat brocht gjin heldere antwurden. Der waard allinnich mar meld: it kin net!

It bestjoer fan TIP Eastermar Promoasje, koartwei de toeristeklup, hat ek oer dizze situaasje teset west. It omdraaien fan ‘e rydrjochting hat neffens TIP positive gefolgen. It gefaarlik nimmen fan ‘e binnenbocht by Meerzigt troch auto’s falt fuort om’t de skerpe bocht dêr as earste nommen wurde moat. De gong foar de rest fan it stik nei ’t Breed ta is der dan út; der fine gjin rare meneuvels mear plak fóár Meerzigt troch autoriders, camperbestjoerders en frachtweinsjauffeurs dy’t har fersind ha; der hoecht gjin yngewikkelde ynstelling fan de TomTom wizige te wurden, want dy biedt dizze – no ferbeane – rydrjochting al oan; besikers dy’t yn de (mooglik) feroare situaasje foar ’t earst Eastermar ynride, krije daliks it moaiste hoekje fan it doarp te sjen. En ek Eastermar kin mar ien kear in earste yndruk meitsje…

Dêrom, om feiligens en positive byldfoarming, is besletten om de gemeenteried te benaderjen mei in boargerinisjatyf. De kearn fan dy aksje is it fersyk oan ‘e ried om de rydrjochting om te draaien. Om dit as in jildich boargerinisjatyf by de gemeenteried yntsjinje te kinnen, moatte der 50 hantekeningen as stipe oan dit fersyk tafoege wurde. De doarpsgenoaten dy’t dit in goed idee fine, kinne har hantekening sette op de list dy’t by ‘Alles ûnder ien Dak’ leit of by my thús oanbelje - ’t Hof 5 – of telefoanysk kontakt opnimme fia 471615 of 06 22310712. 
Jo help is tige wolkom om ús doarp nóch feiliger te meitsjen.


Ut namme fan it bestjoer
TIP Eastermar Promoasje,
Wijbe Postma

ALB 3456

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Naar boven