Al mear as tsien jier efterinoar giet in grutte ploech Eastermarders in dei it wetter op. Mei polyester Valkjes, noflik silende boaten dêr’t in man of 4 - 5 yn kinne, wurde de omkriten fan Heech, Sleat en oare moaie doarpen yn de Fryske Súdwesthoeke fan it wetter ôf besjoen. En tusken de middei in tige noflike sit op in terraske oan it wetter, bygelyks lunchcafé Badmeester Keimpe yn Balk of (sa as yn 2012) restaurant Galamadammen.
Tink net dat it in fêste ploech is dy't alle jieren út deselde minsken bestiet. Nee, eltsenien fan 14 jier en âlder kin meidwaan. Ek asto net sile kinst: der binne altyd genôch skippers dy't de boat op koers hâlde. Foar sa'n € 17,50 ,- bist dan in hiele dei moai op it wetter.
Meastentiids fertrekke wy moarns om in oere of acht mei auto’s fan it Breed nei Heech dêr’t wy oan board stappe.
Stjoer in mail nei ûndersteand mailadres en skriuw dy yn. En... freegje ek oaren om mei te gean. Eastermarders dy't al earder meisylden witte hoe noflik sa'n dei is.
Wy wachtsje jimme reaksje ôf.
Wopke en Oebele
-
- Informatie
- 18 april 2025
Pop-up camping tijdens Ea Bloeiwike
Pop De leukste en voordeligste vakantie vier je in eigen dorp tijdens de EaBloeiwike (16 – 23 aug)op... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 april 2025
De Bus MEIVAKANTIE tour komt op 23 april in Eastermar
Beste ouders! Tijdens de meivakantie volgende week organiseert het jongerenwerk weer een bustour! Dit... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 april 2025
Utnûging ynformaasjejûn Iepenloftspul 2026
Ea komt it wetter It begjinYn 2024 siet in groepke doarpsgenoaten noflik byïnoar op it doarpsfeest,... Fierder lêze » -
- Informatie
- 16 april 2025
Voorbereiding pluktún in volle gang
Volop activiteiten op de Iterstún. Het pluktúngedeelte op de Iterstún wordt voorbereid. De biologisc... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 17 april 2025
Utnûging ynformaasjejûn Iepenloftspul 2026
Ea komt it wetter It begjinYn 2024 siet in groepke doarpsgenoaten noflik byïnoar op it doarpsfeest,... Fierder lêze »