Op saterdei 6 maaie sil de Burgumer Mar wer it toaniel wêze fan ferskate wedstriden fan de Fryske Boerepreamen en de Nije sylpreamen.
Wettersportferiening Tusken Mar en Leyen fersoarget dit evenemint fanút Eastermar op rekreaasjeterrein De Komerk. It giet om de prolooch foar de kompetysje wedstriden fan sawol de Nije sylpreamen as de âlde Fryske boerepreamen. Beide ha elk harren eigen kompetysje. Nij is dat dit jier in oantal wedstriden mienskiplik hâlden wurdt. Dizze kear binne allinne de preamen op de mar. Sjoch op de webside fan www.defryskeboerepream.nl en www.denijesylpream.nl foar mear ynformaasje oer de wedstriden.
It palaver (rûtebesprekking) is wer om in oere as njoggen en dêrnei giet de hiele float de mar op. Foar in moarnswedstriid sa tusken 10.00 -12.00 oere en dêrnei middeis fan 13.00 oere ôf de folgjende wedstriden. Tusken de middei lizze alle preamen sawol de âlde dy't brûkt waarden troch de boeren yn de lege midden fan Fryslân en de nije sylpreamen dy't makke binne om te silen, wer yn de haven fan de Komerk. Mei de gearwurking fan de Stifting Komerk krije alle skippen dêr in kreas plak, miskien binne hja der de dagen dêrfoar al. Jo kinne dan moai sjen wat it ferskil is.
Ek it publyk is wer wolkom: de motorpream is der wer en jimme kinne fergees mei de mar op fan it opstapplak oan de Komerk ôf.
De priisútrikking sil oan de ein fan de middei plakfine yn de loads by wettersportbedriuw De Lits, eltsenien is wolkom. Dêrnei krije skippers en bemanning noch in knap stik iten yn de loads fan Foppe
Wy rekkenje op in treflik barren!
Aktiviteitekommisje WSF Tusken Mar en Leyen,
Auke, Willem, Errit en Oebele
-
- Informatie
- 05 februari 2025
Gezocht Nieuwe Havenmeester
Voor het komende seizoen zijn wij opzoek naar een nieuwe havenmeester.Wat verwachten we: Iemand die... Fierder lêze » -
- Informatie
- 05 februari 2025
EA-Bloeiweek 2025
Na het geweldige succes van Eastermar Bloeit in augustus 2024 zetten we Eastermar opnieuw in bloei i... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 januari 2025
Verslag sponsordag 2025 van St. it Eastermarder Skûtsje
In de kantine van het nieuwe bedrijfspand Metalis van schipper Geale Tadema was vrijdag 17 januari d... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 januari 2025
Marnijs editie 47 tot en met 51
Reeds verschenen nummers van Dorpskrant Marnijs zijn digitaal via deze website te downloaden in PDF... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 01 september 2024
Donateursilen en jeugdsilen Skûtsje Ea skrast
Troch de grutte skea, oprûn by de oanfarring tidens de lêste IFKS sylwedstryd op 'e Lemmer, kin it s... Fierder lêze »