Lykas ferline jier sil ek yn 2024 de Burgumer Mar wer it toaniel wêze fan ferskate wedstriden fan de Fryske Boerepreamen en de Nije sylpreamen.
It giet om de prolooch dy't plakfine sil op saterdei 4 maaie foar de wedstriden fan sawol de Nije sylpreamen as de âlde Fryske boerepreamen. Wettersportferiening Tusken Mar en Leyen fersoarget dit evenemint fanút Eastermar op rekreaasjeterrein De Komerk.
Ek it publyk is wer wolkom: de motorpream is der wer en jimme kinne fergees mei de mar op fan it opstapplak oan de Komerk ôf.
De priisútrikking sil wer oan de ein fan de middei plakfine by wettersportbedriuw De Lits.
It programma fan dizze dei mei twa wedstriden kinne jimme sjen yn taheakke pdf. Klik derfoar op it plaatsje hjirboppe.
Aktiviteitekommisje WSF Tusken Mar en Leyen
-
-
- Informatie
- 19 april 2025
Dodenherdenking op 4 mei
Op 4 mei is er weer de jaarlijkse dodenherdenking bij de Ald Toer op it Heechsân. Dit jaar is dat op... Fierder lêze » -
- Informatie
- 18 april 2025
Pop-up camping tijdens Ea Bloeiwike
De leukste en voordeligste vakantie vier je in eigen dorp tijdens de EaBloeiwike (16 – 23 aug)op de... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 april 2025
De Bus MEIVAKANTIE tour komt op 23 april in Eastermar
Beste ouders! Tijdens de meivakantie volgende week organiseert het jongerenwerk weer een bustour! Dit... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 01 september 2024
Donateursilen en jeugdsilen Skûtsje Ea skrast
Troch de grutte skea, oprûn by de oanfarring tidens de lêste IFKS sylwedstryd op 'e Lemmer, kin it s... Fierder lêze »