De bern hiene har fia de skoallen al opjûn en foar de groepen 5 en 6 soe it moarns wêze. Middeis soene de groepen 7 en 8 it roer oernimme. Beide sa'n lytse 30 aspirantsilers.
Foar dizze bern leine by it teehûs oan de Leyen in tal optimisten klear. Dizze lytse sylboatsjes binne ideaal foar bern dy’t noch net safolle ûnderfining mei it silen hawwe. Frijwilligers fan de wettersportferiening wien mei flugge boatsjes op it wetter om de bern yn de gaten te hâlden en ynstruksje te jaan. Alle bern hiene swimfesten oan. Dat dat wol nedich wie, die bliken doe't de wyn de middeis sa oanhelle dat der wol in stikmannich silers te wetter rekken. Mar dat joech fierder gjin swirrichheden omdat it wetter dêr net djip is en de boaten fan de WSV der fuortendaliks by wienen. Oan de ein fan de silerij krigen alle bern in oantinken.
-
- Informatie
- 10 februari 2025
Skûtsje Ea hast wer klear
It herstel fan de skea oan it skûtsje, oprûn by de lêste IFKS-kompetysje yn 2024 op 'e Lemmer, is sa... Fierder lêze » -
- Informatie
- 05 februari 2025
Gezocht Nieuwe Havenmeester
Voor het komende seizoen zijn wij opzoek naar een nieuwe havenmeester.Wat verwachten we: Iemand die... Fierder lêze » -
- Informatie
- 05 februari 2025
EA-Bloeiweek 2025
Na het geweldige succes van Eastermar Bloeit in augustus 2024 zetten we Eastermar opnieuw in bloei i... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 januari 2025
Verslag sponsordag 2025 van St. it Eastermarder Skûtsje
In de kantine van het nieuwe bedrijfspand Metalis van schipper Geale Tadema was vrijdag 17 januari d... Fierder lêze »