Foar it earst nei corona koe der wer syld wurde mei de klompkes. It hie noch wol wat fuotten yn de ierde want, nei útstel op 10 septimber, wie it blykber noch net hielendal dúdlik. De opkomst wie net grut mei 5 dielnimmende boatsjes. De wille wie der net minder om en it foardiel wie dat eltsenien in priis hie.
De wikselbeker foar de snelste klomp yn de Fryske klompklasse is der dizze kear net útgong. Der wie mar ien Fryske klompklasser en dy siet it net mei. Yn it foar-de-wynse rak, en ek mei rûme wyn woe er eins allinne mar heale wyn farre al hoe los't de skoaten ek stienen. Takom maitiid mar wer besykje en dan mei mear Fryske klompen.
De útslach
Yn de frije klompklasse:
nr. 1 - Ruben Dijkstra
nr. 2 - Marrit van der Ploeg
Yn de frije klasse:
nr. 1 - Hilde Hoogendorp
nr. 2 - Yfke van der Woude
De priis foar de grutste pechfûgel is nei Jens Hoogendorp gong en de priis foar de moaiste kreaasje gie nei Marrit van der Ploeg.
Klompkesilen 2021











Foto's WSF Eastermar
-
- Informatie
- 06 juli 2025
De earste nijsbrief fan st. Iepenloftspul Eastermar
De earste nijsbrief fan it Iepenloftspul Eastermar, dat yn septimber 2026 plakhawwe sil, is in feit... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 02 juli 2025
Beachbarren 2025
Op 12 july om 13:30 oere is it wer safier: it Breed wurdt omboud ta in echt strân en teams stride we... Fierder lêze » -
- Informatie
- 01 juli 2025
Eastermar is...
...hielendal wer kreas nei in prachtich doarpsfeest mei moai waar! Fierder lêze »
-
- Informatie
- 01 juli 2025
Eastermar is...
...hielendal wer kreas nei in prachtich doarpsfeest mei moai waar! Fierder lêze »