wsv
Foarhinne organisearren Oebele Brouwer en Wopke Wobbes it doarpssilen. Hja hawwe it stokje oerdroegen oan de wettersportferiening. Yn 2014 hat it foar de lêste kear west op de Lauwersmar.

No, 7 septimber 2019, sille wy it nochris besykje, net yn plestik Valken mar yn preamen. Op 24 augustus wie der in sylwedstriid fan preamen yn Aldegea (SW). De pream fan Errit de Jong út Eastermar docht der ek oan mei en kin lizzen bliuwe oant 7 septimber.
Yn in pream kinne 12 persoanen, as der mear minsken meiwolle is de pream fan Igram Ikema út Aldegea der noch en oars binne der wol mear te regeljen.

Eltsenien kin him of har opjaan. It is krekt de bedoeling dat minsken dy't gjin ûnderfining ha mei it silen of wettersport yn it algemien de kâns krije om dit ris mei te meitsjen.

Kosten:
Utgeande fan 10 opstappers kostet in dei silen mei in pream € 350,- Errit wol wol in bytsje koarting jaan en sa komme wy op in bedrach fan € 30,- de man/frou. As de belangstelling grut is en it blykt foar minder te kinnen, dan dogge wy dat.
Foar € 30,00 binne jo dan in hiele dei moai op it wetter. Leden en donateurs van de feriening betelje € 25,00. Kosten foar terras en iten binne foar eigen rekken. Wy ride moarns om njoggen oere mei auto’s fan De Komerk nei Aldegea dêr’t wy oan board stappe. Graach om kertier foar njoggenen op 'e Komerk wêze.
It is wol ferstannich in bakje kofje of in flaubyt mei te nimmen. Reinklean is ek oan te rieden. Betelje op 'e dei sels.

Stjoer in mail nei ûndersteand mailadres en skriuw jo yn. Of stjoer in appke nei Sjoerdje of Auke.
En...freegje ek oaren om mei te gean! Eastermarders dy't al earder meisylden, witte hoe noflik sa'n dei is.

Wy hawwe net in bookingsite of sokssawat. Wy geane derfan út: opjaan is ek meigean.
Nei ôfrin kinne wy yn Aldegea noch meielkoar ite. Dat hat eltsenien oan himsels.
Wy wachtsje jo reaksje ôf.

It bestjoer

Tel. Auke: 06 12282512
Sjoerdje: 06 33786945

logo watersportverbond

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe