Eastermar stiet wer op 'e kaart as it om it silen giet. Diskear is it Errit de Jong mei pream De Utrinner út Eastermar dy kampioen waard fan de kompetysje fan De Fryske Boerepream. Yn maaie helle Willem Wiersema de gouden plak yn de ILCA 7 klasse op it wrâldkampioenskip yn Sina. Yn augustus wie it skûtsje Ea mei skipper Geale Tadema earste yn de A-klasse en no, 21 septimber 2025, Errit de Jong.

De kompetysje wurdt fearn yn trije wykeinen en dan is it stribjen om 15 wedstriden te heljen. Dat slagget net altyd fanwege de waarsomstannichheden. De snein op Wâldsein koe der net syld wurde fanwege te hurde wyn en ek dizze snein op Terherne waaide it te hurd. Sadwaande kaam it totaal fan de wedstriden op 13. 

Yn alle wedstriden wie de Utrinner foar de oaren de grutte konkurrint. Dat wol net sizze dat alle wedstriden wûn waarden. Sa wie yn Wâldsein in falske start dêr't net op reagearre waard reden foar diskwalifikaasje en in strafpunt. Yn Terhene siet de tsjinslach yn in ferkeard ynskatte stjoerboard/bakboard situaasje, wat ek wer it maximaal oantal punten en in strafpunt oplevere. Neist de skoare wie der ek noch skea as gefolch fan in oanfarring. It roer mei de helmstok wie stikken. Mar mei handige bouwers oan board dy net allinne meielkoar goed sile koene mar ek goed timmerje, koe it fikst wurde, sadat de wedstriden útsyld wurde koene. Mar nettsjinsteande dat alles wie de marzje sa grut dat op 'e ein de Utrinner noch 3,5 punt foar stie op de nûmer twa. 

Op de foto de bemanning:

Errit de Jong skipper,Tseard  Vriezema, Evert Wiersinga, Jelte Wiersinga, Sebastiaan Smit, Auke Postma. Op de foto ûntbrekt Roland Westra.   

bemanning

winnaar

boot pream

Oar doarps- en ferieningsnijs: