By de simultaandammerij fan de ôfrûne Bloeiwike kaam ien fan de dielnimmers mei de fraach:”Soe it mooglik wêze dat der wykliks in pear oeren damme wurde kin yn Eastermar?”
Op dy fraach kin no it antwurd komme: ”Jawis, is dat mooglik!”
Dat it dammersbloed yn Eastermar noch streamt ha de Bloeiwiken ‘25 en ‘26 bewezen.
Foar it simultaandamjen dat yn dy wiken organisearre waard, wienen ferline jier 13 en dit jier 8 dielnimmers aktyf. Us pleatslike damkorifee Anton van der Ploeg wie beide jierren alle dielnimmers oermânsk, mar dat timpere de winsk om ta in dammiddei te kommen net.
Dy middei wurdt no dus organisearre mei help fan materiaal fan de eardere damkub T.O.G. (‘Tot Ons Genoegen’) dat Anton beskikber stelt. It wurdt in tiisdeitemiddei en dan te begjinnen op 22 septimber n.k. om 14.00 o. yn de hûskeamer (‘Flinterstrûk’) fan Mienskipshûs De Kjellingen.
Wa’t belangstelling hat, kin dat melde by Wijbe Postma, ‘t Hof 5, tel. 0512 471615.
Dielname is fergees, foar in kop kofje, tee of glês frisdrinken wurdt in euro rekkene.
Wijbe Postma



-
-
- Informatie
- 07 oktober 2026
Eastermar is...
... ûnderweis each hâlde foar lytse dingen. Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 september 2026
Nijs út it Mienskipshûs
Simmer Hoewol’t it simmerfakânsje west hat, wol dat net dizze dat it Mienskipshûs net brûkt is. De hi... Fierder lêze » -
- Informatie
- 23 september 2026
Informatie werkzaamheden brug Eastermar; gestremd vanaf do. 8 oktober 19.00
Begin oktober 2026 start aannemer TruSteel Infra met het onderhoud van de brug over De Lits in Easte... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 16 augustus 2026
Sprookjestocht tijdens de Bloeiweek
Tijdens de Bloeiweek in Eastermar werd voor de tweede keer een sprookjestocht georganiseerd. Bezoeke... Fierder lêze »