De Fjouwerjûnekuier (Avondvierdaagse) is dit jier fan 8 o/m 12 juny.
Foar de 31-ste kear sille de leafhawwers en (skoalle)bern lâns de moaiste rûtes yn de omkriten fan Eastermar rinne kinne. Foar de medalje of gewoan foar de wille.
It binne de bysûnder moaie rûtes dy 't de AVD fan Eastermar ta ien fan de grutsten yn de omkriten makket. Likernôch 600 dielnimmers komme alle jierren om op in sportive wize fan de omjouwing te genietsjen.
Dat dit barren al safolle jierren stân hâldt is benammen te tankjen oan de ynset fan tal fan frijwilligers. Hja soargje der foar dat de rûtes útset binne, dat de dielnimmers op tiid drinken krije, dat der feilich oerstutsen wurde kin en dat der ûnderweis gjinien achterbliuwt. De AVD-kommisje is tige wiis mei dy frijwilligers!
Wy starte alle jûnen (fan 18.00 oere ôf) by de kantine fan 'e Burgerkamp en dêr is ek it einpunt. De lêste jûn (freed 12 juny) slute wy ek ôf by de kantine. Dêr wurde dan ek de medaljes útrikt.
Muzykkorps 'De Kriich' út Wergea sil de lêste jûn wer foarop gean om alle dielnimmers fleurich en feestlik te begelieden nei it einpunt.
Doch mei en genietsje fan it skitterjende fjild om Eastermar hinne.
Wy sjogge jimme graach de 8e juny mei al dy oare stappers by de Burgerkamp!
► It soe eins net nedich wêze moatte, mar hjirby roppe wy hûnebesitters op om de strjitten en rinpaden yn en om ús doarp hinne frij te hâlden fan hûnepoep. De dielnimmers oan de Fjouwerjûnekuier - mar ek alle oare stappers en kuierders - hoege dan net hieltiid nei de grûn te sjen.
► De dielnimmers oan de Fjouwerjûnekuier freegje wy om de rûtes skjin te hâlden en gjin pûdsjes en papierkes slingerje te litten.
Ut namme fan 'e kommisje Fjouwerjûnekuier,
Roelie Hoekstra
-
- Informatie
- 19 april 2025
Dodenherdenking op 4 mei
Op 4 mei is er weer de jaarlijkse dodenherdenking bij de Ald Toer op it Heechsân. Dit jaar is dat op... Fierder lêze » -
- Informatie
- 18 april 2025
Pop-up camping tijdens Ea Bloeiwike
De leukste en voordeligste vakantie vier je in eigen dorp tijdens de EaBloeiwike (16 – 23 aug)op de... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 april 2025
De Bus MEIVAKANTIE tour komt op 23 april in Eastermar
Beste ouders! Tijdens de meivakantie volgende week organiseert het jongerenwerk weer een bustour! Dit... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 april 2025
Utnûging ynformaasjejûn Iepenloftspul 2026
Ea komt it wetter It begjinYn 2024 siet in groepke doarpsgenoaten noflik byïnoar op it doarpsfeest,... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 23 mei 2021
De Avond4daagse Eastermar gaat dóór!
Een jaar zonder Avond4daagse is natuurlijk ondenkbaar. Maar we hebben goed nieuws! Met de speciale e... Fierder lêze »