Bêste Eastermarders en minsken út de omkriten,
Yn ‘e wike fan 23 o/m 27 maaie hawwe we wer de tradisjonele 4-jûnekuier. Sa as alle jierren besykje wy wer moaie rûtes út te sykjen. Dizze rûtes binne hiel geskikt foar bern om’t der in protte oer de sânreden rûn wurdt dêr ‘t de bern mar fleane en stowe kinne.
Der binne rûtes fan 5, 10 en 15 kilometer. It startplak is de kantine op sportpark Burgerkamp.
Der binne minsken, dy’t yn de wike fan de 4-jûnekuier bryfkes mei de rûtes út de kantine helje sûnder te freegjen en dy rinne de rûte dan dus sûnder stimpelkaart. Dit binne swartrinners!
Wat dizze minsken har net realisearje is dat wy as stichting net in soad jild ha en noait winst meitsje! Dêr stiet foaroer dat wy altiten alle jierren wol hiel wat ûnkosten ha oan medaljes en materialen.
Alle jierren wer binne der ek in hiel protte frijwilligers dy’t har belangeleas ynsette om alles yn goede banen te lieden. Foar dizze minsken soene wy hiel graach wat dwaan wolle, mar dan moat der wol wat jild wêze. De swartrinners ha dus wol de wille mar drage fierder neat by...!
Wat wy sizze wolle: jou jim op en doch mei oan de Fjouwerjûnekuier yn de wike 23 o/m 27 maaie!
-
- Informatie
- 06 juli 2025
De earste nijsbrief fan st. Iepenloftspul Eastermar
De earste nijsbrief fan it Iepenloftspul Eastermar, dat yn septimber 2026 plakhawwe sil, is in feit... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 02 juli 2025
Beachbarren 2025
Op 12 july om 13:30 oere is it wer safier: it Breed wurdt omboud ta in echt strân en teams stride we... Fierder lêze » -
- Informatie
- 01 juli 2025
Eastermar is...
...hielendal wer kreas nei in prachtich doarpsfeest mei moai waar! Fierder lêze »
-
- Informatie
- 24 mei 2025
Avondvierdaagse Eastermar weer goed verlopen
Van 19 tot en met 23 mei genoten zo’n 330 wandelaars van het coulisselandschap en andere natuurprach... Fierder lêze »