fan 8 o/m 12 juny 2015
Bêste Eastermarders en minsken út de omkriten,
Yn ‘e wike fan 08 o/m 12 juny ha wy wer de tradisjonele 4 jûnekuier. Sa as alle jierren besykje wy wer moaie rûtes út te setten. Dizze rûtes binne hiel geskikt foar de bern om’t der in protte oer sânreden rûn wurdt dêr‘t de bern mar fleane en stowe kinne.
No ha wy lykwols de lêste jierren wol in grut probleem: swartrinners. Dat klinkt hiel swier mar in oar wurd kinne wy der net foar betinke. We doele dan û.o. op âlders dy‘t mei harren bern de 4 jûnekuier rinne, mar gjin stimpelkaart hawwe. Ek binne der minsken dy’t op de kuierdagen, sûnder melding en betelling, bryfkes mei de rûtes út de kantine pakke en sûnder stimpelkaart op 'en paad gean. Dat binne ek swartrinners! Wat dizze minsken har net realisearje is dat wy in stifting binne mei in lyts budzjet en wy meitsje nea winst! Dêr stiet foaroer dat wy altiten wol hiel wat ûnkosten ha oan medaljes en materialen, dy‘t alle jierren ferfongen wurde moatte.
Hieltyd op 'e nij binne der ek in hiel protte frijwilligers dy’t har ynsette om alles yn goede banen te lieden. Foar dizze minsken soene wy eins hiel graach wat dwaan wolle om ús wurdearring blike te litten, mar dan moat der wol wat jild wêze. Swartrinners ha dus wol de wille, mar helpe net mei om dat mooglik te meitsjen...!
Wat wy sizze wolle: jou jim op, betelje it ynlisjild en doch mei in stimpelkaart mei oan de Fjouwerjûnekuier yn de wike fan 8 o/m 12 juny.
-
- Informatie
- 17 januari 2025
Marnijs editie 47 tot en met 51
Reeds verschenen nummers van Dorpskrant Marnijs zijn digitaal via deze website te downloaden in PDF... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 januari 2025
Verkeersveiligheid in en rondom Eastermar
Al eerder is er aandacht besteed aan de verkeersveiligheid in en rondom Eastermar. In augustus 2023... Fierder lêze » -
- Informatie
- 16 januari 2025
Eastermar is...
...oan 'e Achterwei in oansteand (kryst)beammebosk riker?It begjin is der! Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 januari 2025
Pubquiz tbv Alpe d'Huzes/KWF
-
- Informatie
- 23 mei 2021
De Avond4daagse Eastermar gaat dóór!
Een jaar zonder Avond4daagse is natuurlijk ondenkbaar. Maar we hebben goed nieuws! Met de speciale e... Fierder lêze »