Op sneon 16 july oansteande sil it wer hâlden wurde: it jierlikse BEACHVOLLEYBAL. En jimme witte wat dat betsjut: op it Breed (wat dan hooplik einlings werris autofrij is) stoarte wy in grutte bulte sân, wy meitsje trije fjilden en dêromhinne striepakken, bankjes en neam mar op.
Opjefte kin no: wês der rap by want der kinne net mear as 24 teams meidwaan. Ferline jier hienen wy wat lêst fan fuotbaltoernoaien, Lowlands en Sail en wienen der wat minder teams , mar alle oare jierren hellen wy dit oantal mei gemak. Fol is fol.
Wat binne de ôfspraken ?
- In team bestiet yn it fjild út 4 persoanen, wêrfan minimaal 2 froulju
- Yndraaie of wikselje kin folop
- Der wurdt spile op tiid. Rekkenje op 5/6 wedstriden fan 12-15 minuten
- Leeftiid: 14 jier en âlder
- Ynskriuwjild, mei troch stipe fan OVE en horeca, net mear as € 15,- per team. Betelje op de dei sels.
Opjefte kin by ien fan de Beachboys: Cor, Hans, Molle of Oebele.
Stjoer in app, sms, brief of postdo, of in mail nei seadwei5@macuser.nl of cb62@live.nl. Dêryn de namme fan it team, kontaktpersoan en mailadres. Yn de wike foar it toernoai krije de dielnimmers it wedstriidskema oer de mail.
Nei ôfrin is op it Breed wer in noflik Itersbarren, yn de mande mei de horeca. It hoe en wat wurdt letter bekend makke.
De Beachboys
-
- Informatie
- 17 januari 2025
Marnijs editie 47 tot en met 51
Reeds verschenen nummers van Dorpskrant Marnijs zijn digitaal via deze website te downloaden in PDF... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 januari 2025
Verkeersveiligheid in en rondom Eastermar
Al eerder is er aandacht besteed aan de verkeersveiligheid in en rondom Eastermar. In augustus 2023... Fierder lêze » -
- Informatie
- 16 januari 2025
Eastermar is...
...oan 'e Achterwei in oansteand (kryst)beammebosk riker?It begjin is der! Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 januari 2025
Pubquiz tbv Alpe d'Huzes/KWF
-
- Informatie
- 29 augustus 2024
It Breed is ien grutte iterstafel
Likernôch 75 folwoeksenen en 50 bern hawwe gebrûk makke fan in unike kâns: oanskowe foar it jûnsiten... Fierder lêze »