Op 12 july om 13:30 oere is it wer safier: it Breed wurdt omboud ta in echt strân en teams stride wer om de fûl begearde titel fan Beachbarren 2025! Der is noch plak foar 3 teams, dus ast noch net ynskreaun hast, wês der dan gau by en stjoer in mail nei beachbarren@gmail.com mei dyn teamnamme.

Let op: in team bestiet út 2 manlju en 2 froulju, wêrby't maksimaal 2 spilers út de follybalferiening komme meie. Sa hâlde we it leuk en earlik foar alle dielnimmers.

De kosten binne € 40 it team.
Saterdeitemoarn wurdt it hiele spektakel al opboud, dus soargje der asjebleaft foar dat der dan gjin auto's mear op it plein steane.

Beachbarren

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: