Op Himelfeartsdei is it sa stadichoan tradysje dat de âld-35+spilers fan VV Eastermar in wedstriid spylje tsjin de sportivelingen fan de ‘Ondernemers Vereniging Eastermar’. Sûnt ferline jier is de ynset fan dit fuotbalevenemint de ‘Klaas van der Ploeg-bokaal’. Klaas van der Ploeg wie in tige wurdearre kollega-fuotballer, dy’t him boppedat op it sportkompleks sjen liet as tennisser, wylst er ek syn spoaren fertsjinne as bestjoerslid fan de Burgerkampbehearsstifting. Klaas ferstoar yn ‘e maitiid fan 2013.
Hoewol’t de publike belangstelling wat minder wie as foarich jier, wienen de wol oanwêzige taskôgers tsjûge fan in doelpuntefestijn. De âldpluskes moasten yn de OVE-ers har meardere erkenne, want mei in 3–7 útslach mocht OVE-oanfierder Jannes Hamstra út hannen fan Klaas’ soan Ids Catrinus van der Ploeg de bokaal yn ûntfangst nimme. Yn de ‘tredde helte’ waarden de hichtepunten fan de earste twa spylhelten ûnder it genot fan in hapke en in drankje nochris oereide.
De earste helte begûn goed foar de pluskes, want in OVE-ferdigener makke hands yn ‘e eigen sechtjin en doe wie it foar spits Molle Heidbuurt net sa dreech om keeper Jannes Hamstra te passearen (1–0). It wie krekt oft dêrmei it OVE-tiim wekkerskodde waard. It slagge de sportive ûndernimmers om mei har – foar de plussen te – rappe oanfallers it net achter doelman Floor Schoenmakers trije kear te finen. Sa kaam de rêst mei in 1–3 foarsprong foar de OVE.
Nei ’t skiedsrjochter Cor Brouwer de twadde helte start hie, gienen de dochs wol wat fluggere en technysker OVE-ers fierder mei har oanfallen en it wie samar 1–7. Sa’n útslach woenen de plussen fansels net op har gewisse ha en Hindrik Tadema gie dêrom foarop yn ‘e striid. Hy skeat op bjusterbaarlike wize in pingel achter Jannes Hamstra. “It makket net út hoe’t je in pingel nimme, as er der mar yn giet”, wie Hindriks kommintaar nei ôfrin. Oaren mienden dat syn skot as ‘in platte Panenka’ de skiednisboeken yn moast.
De einstân 3–7 kaam op ’t skoareboerd troch in technysk heechsteande assist fan Hindrik dy’t Molle stylfol ôfmakke.
-
- Informatie
- 19 april 2025
Dodenherdenking op 4 mei
Op 4 mei is er weer de jaarlijkse dodenherdenking bij de Ald Toer op it Heechsân. Dit jaar is dat op... Fierder lêze » -
- Informatie
- 18 april 2025
Pop-up camping tijdens Ea Bloeiwike
De leukste en voordeligste vakantie vier je in eigen dorp tijdens de EaBloeiwike (16 – 23 aug)op de... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 april 2025
De Bus MEIVAKANTIE tour komt op 23 april in Eastermar
Beste ouders! Tijdens de meivakantie volgende week organiseert het jongerenwerk weer een bustour! Dit... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 april 2025
Utnûging ynformaasjejûn Iepenloftspul 2026
Ea komt it wetter It begjinYn 2024 siet in groepke doarpsgenoaten noflik byïnoar op it doarpsfeest,... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 28 januari 2025
Verslag sponsordag 2025 van St. it Eastermarder Skûtsje
In de kantine van het nieuwe bedrijfspand Metalis van schipper Geale Tadema was vrijdag 17 januari d... Fierder lêze »