Kommende freed stjoert Omrop Fryslân yn 'e neimiddei - en jûns yn 'e werhelling - opnamen út dy't makke binne op 'De Burgerkamp'. Dat bart yn 'e rubryk 'Myn klup' en de bylden jouwe wer hoe't de lêste toernoai-jûn fan de 35-pluskompetysje ferrint. Der binne grif pakkende wedstriidmominten te sjen, mar der komme miskien ek wol doarpsgenoaten yn byld en wurdt nei alle gedachten de sfear fan de 'tredde helte' werjûn. De kameraploech fan 'e omrop hat mear as twa oeren op it sportkompleks warber west en fansels binne de Eastermarders benijd hoe't dat útpakt is.

De Omropmeiwurkers begûnen mei in falske start, want der wie in kamera stikken. Sadwaande moasten ferslachjouwer en kameraman werom nei Ljouwert foar in oare. Der binne spitigernôch dus gjin opnamen makke fan it offisjeel yn gebrûk nimmen fan it freoneboerd dat in tal SC Heerenveensupporters oan 'e freding fan it haadfjild ophongen hat.
Dy offisjele hanneling waard útfierd troch de oanfierder fan SC Heerenveen 1, Maarten de Roon én ús doarpsgenoat Sijtze Nijboer (D1-pupil by SCH). Beide mannen krigen in oantinken foar har optreden en sieten yn 'e kantine noch efkes nei.
Bygeande foto's, makke troch Binne Kramer, moatte de misser fan 'e Omrop in bytsje kompinsearje.

Sjoch de útstjoering fia Omrop Fryslân; op besite by VV Eastermar.

wijbe1wijbe2wijbe3wijbe5wijbe6wijbe7

 

 

 

 

 

vveastermar

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: