De 17-jierrige Jesse Jan Stelwagen fan de Veltmanwei is Nederlânsk kampioen 2019 wurden fan de Grasbaan 125 cc (jeugd). Yn 12 wedstriden hat er sjen litten de bêste te wêzen yn syn kategory. It folgjende jier sil Jesse útkomme by de Senioren 125 cc.

Begjin 2020 sil er op de Galajûn fan de KNMV (Koninklijke Nederlandse Motorrijders Vereniging) yn Doetinchem huldige wurde.

Jesse Jan rydt in geweldich seizoen: op snein 6 oktober is de lêste wedstriid om it klupkampioenskip fan de VTBM (Vereniging Ter Bevordering van de Motorsport) yn Opende. Dy feriening organisearret al mear as 30 jier gersbaanraces yn de trije noardlike provinsjes. Dat kampioenskip kin him al hast net mear ûntgean. Hy hat 10 punten foarsprong op syn tsjinstanners!

Jesse Jan yn aksjeJesse Jan yn aksje

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe