De organisaasje fan it 'Paardenspektakel 2007' kin werom sjen op in 'superslagge dei'. De hiele dei tilde it yn en om Eastermar op fan de ruters en menners. De 120 dielnimmers moasten op seis ferskillende lokaasjes in parkoers mei hindernissen ôflizze, ûnder oare op it terrein fan 'Yn 'e Lânsdouwe' op it Wytfean en 'Brouwer & Brouwer' oan 'e Grutte Hoarnst. Underweis, fan de iene nei de oare lokaasje, koe men genietsje fan de prachtige natuer en wie der ek noch in fotopuzeltocht om oan mei te dwaan.

De dielnimmers wienen allegear wakker entûsjast, ek fanwege de perfekte organisaasje. "Nei dizze dei sjoch ik altyd it hiele jier út", fertelde in dielnimmer. "It is gesellich, it wedstriidelemint spilet mei en de hiele dei mei 't hynder op 'en paad: it kin net moaier."
It tema fan dit jier wie 'Haloween'. In opfallend oantal dielnimmers hie him ferklaaid en ek de hynders-en-weinen hienen omtinken krigen. It wie in prachtich gesicht om de spoeken en heksen troch de buorren riden te sjen.
De jongste dielnimmer wie fief jier, de âldste 73 jier!

Image
Tema Haloween op it Paardenspektakel 2007


Wa 't de 'hindernisscorelijst' noch ris neisjen wol, dy is hjir del te heljen:

xls EPS-2007-menners

xls EPS-2007-ohz

Alle útslaggen, klasseminten en lotterij:

doc UitslagenEPS-2007


Foto's

Der binne op dizze dei wer in protte foto's makke, ûnder oaren troch Albert Bakker en Harmke Paulides.

Besjoch de foto's fan Harmke Paulides >>


Besjoch de foto's fan Albert Bakker >>

Besjoch de foto's van Evert Frankes>>


Bestellen foto's fan Harmke Paulides

Foar foto's fan Albert Bakker kin men fia e-mail kontakt opnimme.

{easycomments}

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe