Wolkom op ús fernijde doarpsside!
Sûnt 2000 is Eastermar.nl yn 'e loft. Dit is de sânde ferzje.
Opskjinne, opfrist en opfleure kin Eastermar.nl der wer in skoft tsjin oan.
Wat is der nij of oars?
{slider title="Nij jaske"}
In nije jas foar de doarpsside. Dizze jas moat alle besikers passe, hokker byldskerm jo ek brûke. Wy hawwe besocht om in romme opset te meitsjen. Net allinne lêst dat makliker, mar navigearje mei de finger yn plak fan in mûs moat ek goed te dwaan wêze.
{slider title="Nije yndieling"}
Guon dingen binne fuort, oare dingen binne nij. De rubriken binne wat oars yndield. De Eastermerk mei jo opropperkes is in âlde kunde. Al jo partikuliere meidielings kinne jo dêr kwyt; fan ‘gevonden voorwerpen’ oan’t in help yn de hûshâlding frege.
{slider title="Technyske ferbetteringen"}
Wy hawwe de database sa folle mooglik opskjinne en opsjes dy’t net mear brûkt waarden, opromme. Der folget noch in technyske update fan it CMS yn’t de hjerst of winter. Dêrnei sil de side folle flugger wurde kwa laadtiid.
{slider title="Kearnwurden"}
Alle artikels op de side hawwe tags (kearnwurden) krigen. Dizze stean ûnderoan elts artikel. Mei dizze kearnwurden kinne wy artikels mei in mienskiplik ûnderwerp mei-inoar ferbine. Dy kearnwurden kin oanklikt wurde om alle artikels oer in dat ûnderwerp te besjen.
{slider title="Argyf"}
Wy hawwe besluten om sa folle mooglik âlde nijsartikels te bewarjen yn plak fan te fuort te dwaan. It giet by dizze artikels net mear om de nijswearde mar omdat al dat âlde nijs de skiednis foarmet fan Eastermar sûnt it jier 2000. Under Argyf fine jo alle saken dy’t mei de skiednis fan Eastermar te meitsjen hawwe. Us nije sykmasjine tinkt mei jo mei om âlde saken nei boppe te heljen.
{slider title="Aginda"}
Wy hawwe oare software tapast om de Eastermarder aginda gear te stallen. Alle eveneminten krije automatysk in plattegrûn fan de lokaasje, útsein de online-eveneminten. Wy hoopje dat der gau wer Eastermarder eveneminten los kinne. Want ús nije slogan is: It doarp Eastermar - ien grut Barren tusken de Marren
{slider title="Datum fan in evenemint"}
En wannear ‘t wy dochs oer eveneminten hawwe; alle nijsartikels mei in evenemint as ûnderwerp, hawwe in apart field mei de datum fan dit evenemint krigen. De reden is dat yn’t ferline de publikaasjedatum (dy’t ek boppe in artikel stiet) wol ris betiisd waard mei de datum fan it evenemint yn de tekst.
{slider title="Lokaal Loket"}
Earder wie Lokaal Loket as wurkgroep ferskûle achter de siden fan Doarpsbelang. Mar dit inisjatyf is net mear wei te tinken yn de Eastermarder mienskip. It hat dêrom in gruttere rol op ‘e doarpsside krigen. Tenei kin fia eastermar.nl de Lokaal Loket duofyts reservearre wurde. En dan is der ek noch de nije rubryk Eastermar foar Elkoar!
{slider title="Justermar"}
Under oan de thússide stiet dit nije fotorubrykje. Ut en troch sille hjir nije foto’s ferskine út it grutte foto-argyf fan Eastermar.nl.
{/sliders}
Mei sa'n grutte update bliuwt it spannend. Want hoe faak wy der trochhinne west hawwe, der kinne altyd noch ‘bonkjes’ sitte yn sa’n grutte side. Dus by dizze ek twa oproppen.
{slider title="Oprop 1, foar alle besikers"}
Komme jo saken tsjin dy’t ferbettere wurde kinne, of noch slimmer, komme jo telâne op ús nije foutmeldingspagina (mei in tapaslik byld van in iepene Litsbrêge), dan fernimme wy dat graach! It is foar ús ûnmooglik om de side te testen op alle soarten tillefoans, tablets en laptops. Leafst mei screenshot of de URL fan de pagina mei it probleem kin stjoerd wurde nei webmaster@eastermar.nl.
{slider title="Oprop 2, foar alle (sport)ferienings, stiftingen, ensfh."}
Help Eastermarders kontakt mei jimme te meitsjen en tsjek jimme gegevens op jimme eigen ferieningsside én/of op ús nije adressenpagina.* Jou evt. de ferbettere kontaktgegevens troch fia webmaster@eastermar.nl.
*Der hat foar de ferienings in pear wike earder in oprop west om harren (kontakt)gegevens op de doarpsside te tsjekken. Mar it docht bliken dat der in e-mailsteuring west hat en it kin dêrom wêze dat net alle e-mail binnenkaam is. Wannear ‘t jo gjin reaksje krigen hawwe, soene jo de ferbetterings dan op ‘e nij stjoere wolle?
{/sliders}
Ta eintsjebeslút
Der wurdt wolris tsjin ús sein: Wêrom soe’k op ‘e doarpsside sjen, alles stiet ommers op Facebook of yn Marnijs!
It is wier dat der in protte oer wat der yn’t doarp te rêden is op de sosjale media te finen is. Mar…
- Net elkenien hat of wol Facebook. Eastermar.nl is dêrfoar it alternatyf foar Eastermarder nijs en aginda.
- Facebook is in kommersjeel platfoarm. It algoritme fan Facebook bepaalt wat jo te sjen en te lêzen krije. Facebook giet sleau om mei jo privacy.
Eastermarder Ferienings en - inisjativen fertsjinje in ûnôfhinklik plak dêr’t sy harren meidielings kwyt kinne. - Marnijs is in geweldige doarpskrante en wurdt yn it doarp tige wurdearre. Mar de krante ferskynt om de twa moanne. In webside kin better op de aktualiteit ynspylje, hat plak foar fotoferslaggen en fideomateriaal. Wy sizze altyd: Marnijs is der foar de djipgong, de ferhalen. De doarpsside is foar it flugge, koarte nijs, om in kontaktadres op te sykjen, in oprop te dwaan en foar de aktuele doarpsaginda.
Mei oare wurden: Eastermar.nl is en bliuwt in wichtige spiler yn de digitale kommunikaasje binnen ús doarp. Eastermar.nl is fan en foar it doarp!
Tank alle oansluten Eastermarder ferienings. Mei jimme finansjele stipe meitsje jimme eastermar.nl mooglik!
En fansels ferwurkje wy op de nije side mei nocht en wille al jo ynstjoerde kopij!
Team Eastermar.nl: Willem, Jan, Elly, Rienk, Geke, Sjoukje, Saskia, Oebele en Albert