In het kader van het initiatief van de Koninklijke Bibliotheek (KB) om een selectie van Nederlandse websites te bewaren voor toekomstig onderzoek, willen wij ook uw website archiveren en voor de lange termijn bewaren.
Dit is de earste alinea fan in mail fan de KB dy’t okkerdeis by de redaksje binnenkaam. Mar wat betsjut dit eins? Ien fan de taken fan de Koninklijke Bibliotheek is it argivearjen en bewarjen fan alles wat der fan - en oer ús lân útbrocht wurdt, fan de earste Donald Duck oant it lêste boek fan Saskia Noort.
Sûnt 2007 is der ek in digitaal argyf en wurdt der in seleksje fan websides bewarre. Want ek websides foarmje in stikje fan ús erfgoed. Yn 2013 wie der bygelyks in spesjale webside yn ‘e loft oer de troanwiksel. Dizze side is al lang net mear op it ynternet te finen, mar de KB hat dêr noch in kopy fan. Harren argyf bestiet út likernôch 21.000 websides. Dat liket in protte mar op dit stuit binne der yn totaal sa’n oardelmiljoen Nederlânsktalige- en Frysktalige websides yn ‘e loft. De KB hat besluten om de side fan ús doarp, eastermar.nl, op te nimmen yn dit argyf. Tenei sil der alle jierren in kopy fan makke wurde en bewarre bliuwe foar it neiteam.
Wat beweecht de KB om no krekt ús doarpsside te selektearjen? Dat fertelt de mail fan de KB net. It kin wêze dat it in tip west hat fan Tresoar, dêr’t de KB mei gearwurket. Of omdat eastermar.nl in eigen argyf hat fan nijsartikels en dêrmei de skiednis fan it doarp fan 2000 ôf fêstlein hat. Of miskien wol omdat eastermar.nl in unike konstruksje hat en jou alle Eastermarder ferienings in eigen plakje.
It is lykwols in grutte opstekker foar it doarp, de senatoaren (bestjoer), webmaster en redaksje. It is in prachtich tankjewol oan alle frijwilligers dy’t dit (stille) wurk al jierren en jierren dogge.
Eastermar.nl digitaal erfgoed... Wa hie dat no tocht!
Update: it hat yndie in tip fan Tresoar west dy't de KB ta har beslút brocht hat.