Wy winskje al ús besikers in moai, sûn en lokkich 2025 ta!
Foar ús is dit in spesjaal jier want…

doarpsside Ea nl 25jier

...jimme doarpshiemside is dit jier mar leafst 25 jier yn ‘e loft!
It is in wûnder.

25 jier doarpsskiednis, jo kinne it allegear weromfine op dizze side, yn wurd en byld.
It is in wûnder.

Tusken al it sosjale media geweld: wy binne der en wy bliuwe der, wis foar de minsken sûnder socials.
It is in wûnder.

De redaksje, de fotografen, de webmaster en it bestjoer (de senatoaren), al jierren en jierren binne dit deselde frijwilligers.
It is in wûnder.

Deselde minsken dy't foar jo ree steane om kopij te publisearjen en te soargjen foar treflike bylden.
It is in wûnder.

Dat der immen is, dy’t der foar soarget en korrizjearje alle bonkjes yn de publisearre teksten.
It is in wûnder.

Eastermar.nl bringt it nijs fan mar leafst 11 ferienings en stiftings en 2 (twa!) skûtsjes.
It is in wûnder.

Sûnder advertinsjes en oare ôflieding, mar mei finansjele stipe fan al dy Eastermarder ferienings.
It is in wûnder.

Eastermar.nl publisearret al 25 jier de ynstjoerde berjochten fan jo, de Eastermarders.
It is in wûnder.

Sadat ek alle Eastermarders om utens ús doarpke fine en folgje kinne.
It is in wûnder.

Tige tank oan al ús besikers, al dy minsken dy’t geregeld de side efkes bydel gean.
Al dy minsken, ferienings, stiftings, dy’t al dy jierren de muoite nommen hawwe om stikjes en foto’s yn te stjoeren, doarpsagindapunten te melden of harren eigen subsite byhâlde.
En gean troch mei dat ynstjoeren, foaral dwaan! Want wy kinne net bestean sûnder de Eastermarders; jimme binne ommers ús boarne.
Jimme witte ús adres: redactie@eastermar.nl of klik hjir.

25 jier hiemstek Eastermar! Wa hie dat no tocht...
Der falt wat te fieren. Dus hawwe wy goed nijs. Tenei krije net allinne de minsken mei Facebook in seintsje yn harren tiidline dat der wat nijs te lêzen falt op eastermar.nl; dit bart no ek fia Instagram en Bluesky*. Jo kinne ús op al dy trije platfoarms folgje ûnder de namme Easternijs (Nijs út Eastermar).

En dan is dit wûnderlike jier noch mar krekt úteinset…

(*Utlis Bluesky)