2000 2020 eastermarnl

It is foar eastermar.nl in 2020 in bysûnder jier. Dit jier is ús hiemside 20 jier yn ‘e loft!
Mar der is noch mear te rêden. Sûnt dit jier hat ús doarpswebside in nije haadsponsor. Nei jierren trouwe support van de ûndernimmersferiening is no TIP-Eastermar Promoasje dy’t takomst sjocht yn eastermar.nl.
It tafal wol dat ús hiemstek dit jier ek nochris de doarpssjoernalistykpriis fan Tytsjerksteradiel wint.

De earste ferzje van eastermar.nl is yn it jier 2000 yn de loft gien. It wie eins in hiele simpele webside, mar foar dy tiid hiel wat. Noch net folle doarpen wiene doe al online.
Dêrnei is eastermar.nl meigroeid mei syn tiid en waard de side in pear kear folslein fernijd.
Yn 2010 is der úteinset mei in offisjele redaksje en waard de OVE haadsponsor.
Dit alles op inisjatyf fan de saneamde ‘senatoaren’, in tal Eastermarders dy’t harren belutsen fiele by it belang fan in digitaal platform foar Eastermar.

logo2002

It earste logo fan eastermar.nl yn 2000

No’t Tip-Eastermar Promoasje it haadsponsorskip oernommen hat, is ’t doel en fernij de side ta in ferzje dy’t optimaal wurket op ‘e bûsetelefoan. Ek sil de side yn de takomst foar in ekstra doelgroep makke wurde, nammentlik de toeristen dy’t simmerdeis nei ús doarp takomme (wolle). It jildbedrach dat de doarpssjoernalistykpriis opsmiten hat, kin dêr foar ynset wurde.

Argyf

Omdat sûnt 2006 alle artikels bewarre bleaun binne, foarmet eastermar.nl in prachtich argyf fan de resinte skiednis fan Eastermar. Wolle jo witte wat der 5, 10, 14 jier lyn allegear bard is, sneup dan ris om tusken de 3158 artikels fia it oersjoch per moanne of folje in trefwurd yn by de sykfunksje, boppe-oan de side.

Fanwege it jubleum is der op ‘e thússide ekstra rûmte makke foar in weromblik: foto’s fan it doarpsfeest fan 2010.

homepage 2006
De thússide, in foarige ferzje fan eastermar.nl, dizze is fan 2006

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppen