Hast de nije webside fan de Ljouwerter Krante al sjoen?
It is efkes wennen mar ik fyn it in stik ferbettere.
No haw ik yn de papieren LC lêzen dat de reden fan de fernijing is dat de webside fan de LC al fiif jier bestiet. En dat skynt ryklik âld te wêzen op it www.
5 Jier âld? Eastermar.nl bestiet al 10 jier, dat is pas âld!
Och hearkes, hawwe wy dy al wer 10 jier?
Jawis man, en no skine dêr ek fernijjings oan te kommen, krekt as by de LC.
Sitte wy dêr op te wachtsjen? Moatte wy dan aansen wer sykje om alles?
Nee, dat falt wol ta, ha'k heard. De foarside wurdt oersichtliker én...
de Eastermarder kleuren komme werom. Wy krije wer in smûke side.

Hoe witsto dat allegear?
Eeeeh, fan Sinteklaas.
Nee, even serieus.
Stjerrende wier!. Moatst mar oplette, yn novimber hearsto der grif mear fan...

world wide web

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe