Donaasje

Information
Publisearre: 25 augustus 2010 | Kategory: Doarpsside Eastermar.nl
hiemstek

Stipe foar de doarpsside

Yn de ôfrûne jierren hat ús doarpshiemside wer hiel wat ynformaasje trochdien oan elkenien dy ’t dêr belang by hie. In ferskaat oan besiters, sawol út it eigen doarp, as út de fiere omkriten ha www.eastermar.nl faak besocht. De besiters sochten om ynformaasje op allerhande mêd: toerisme, bedriuwichheid, skûtsjenijs, it Easterbarren en it ‘trochklikken’ nei oare websiden barde ek wakkere faak. 

Neist it 'gewoane doarpsnijs' binne de Doarpsaginda en de Eastermerk populêr. De measte besikers komme fansels út Nederlân, mar der binne ek út Dútslân by, út Kanada en Saudi Arabië…

Yn trochsneed wurdt de hiemside tusken de 300 en 400 kear deis besjoen. Dat komt del op mear as 100.000 besikers yn ‘t jier! 

In bewiis dat ús doarpsside goed '‘yn 'e merk leit'. Om oan dat ferlet fan in brede ynformaasjefoarsjenning foldwaan bliuwe te kinnen, moat der lykwols hiel wat barre.

De redaksje ferset in soad wurk om nijtsjes – faak mei it byhearrende fotomateriaal –  te sammeljen, de advertinsjes en logo’s fan bedriuwen moatte up-to-date hâlden wurde, de technyk wurdt yn ‘e gaten hâlden, de hosting, software en gean sa mar troch. Fansels bringt it gehiel fan al dizze aktiviteiten ek kosten mei him mei.  Dus alle stipe fan jo as besiker is wolkom!

Hjirûnder de gegevens dy’t noadich binne foar in donaasje.

Bankrekkennûmer: NL15 RABO 0145 182 304 T.N.V  Vereniging voor Dorpsbelangen, û.f.f. donaasje doarpsside Eastermar)

Tige tank yn ’t foar,

wurkgroep www.eastermar.nl

Werom nei de foarige side

 
 

Foar redakteuren:

Sykje:

Friese tekst vertalen:

Kopieer de tekst en plak deze in de 'Oersetter'.

Eastermar.nl en privacy

Doarpsside Eastermar.nl pleatst 'cookies' foar in optimale wurking en it byhâlden fan de statistiken. Graach jo akkoart!