It hat mar efkes duorre, de snie en iispret; de lêste dagen fan de krystfakânsje wie dé tiid om der ris even op út en kuierje yn de moaie omkriten fan Eastermar. En dan kinne jo by tiden samar núvere saken tsjin komme. Alteast, dat oerkaam BREEDút fotograaf Martjse Mud yn elts gefal wol. Gjin molkbusdeksels dy't samar út de loft fleanen kamen mar wol aparte hokjes, frjemde sleatsjes en 'mannen in witte pakken'.
De kuiertocht begûn hiel gewoan, by de ôftúge skûte lâns. It skip leit al wer sa lang yn Eastermar, dat at it ferkocht wurdt wy it súver misse sille.
De snie bringt ek de gewoane man ta ynspiraasje, dêrfoar hoege jo gjin keunstner te wêzen, sa docht bliken. Want de woartel en de twa koaltsjes yn de eagen binne dizze kear ferruile foar yn foarmjoen gesicht dêr't in stikmannich Eastermarders mei wat fantasy harren buorman yn werkenne koe. Of is it gewoan 'een man met wit pak'?
Wat dogge jo at jo it skande fine fan de beam mar it hok ek net misse kinne?
Oan 'e Achterwei fine jo dizze eigenaardige sitewaasje. Foar dizze daam is in 'lullich' sleatsje groeven. Neffens de bewenners fan it hûs deun by moat Steatsboskbehear efter dizze nuvere gong fan saken sitte.
Mar gelokkich binne der altiid wol wer fûgels dy't foar moaie echte winterplaatsjes soargje kinne. En harren fan 'mannen in witte pakken', lulliche sleatsjes en nuvere bouwsels neat oanluke.
Foto's troch Martsje Mud
-
- Informatie
- 17 januari 2025
Marnijs editie 47 tot en met 51
Reeds verschenen nummers van Dorpskrant Marnijs zijn digitaal via deze website te downloaden in PDF... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 januari 2025
Verkeersveiligheid in en rondom Eastermar
Al eerder is er aandacht besteed aan de verkeersveiligheid in en rondom Eastermar. In augustus 2023... Fierder lêze » -
- Informatie
- 16 januari 2025
Eastermar is...
...oan 'e Achterwei in oansteand (kryst)beammebosk riker?It begjin is der! Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 januari 2025
Pubquiz tbv Alpe d'Huzes/KWF