Yn de tsjustere dagen foar Kryst binne der hiel wat minsken dy’t ferlet ha fan ljocht, treast of in opstekker. Lokkich binne der ek hiel wat minsken dy’t dat jaan wolle en kinne! Noch altyd sitte we yn in tiid fan ôfstân bewarje en is der mear as oars ferlet fan soarch foar elkoar, tichtbywêzen & romte foar spontaniteit. Iensumens leit op ’e loer. Dêrom sette wy yn Eastermar op 'e nij in krystingeleprojekt op.
Dêrmei wolle wy minsken, ynwenners fan Eastermar, (anonym) meielkoar ferbine yn de moanne foarôfgeand oan Kryst.
Krekt no is der in soad ferlet fan Ingelen!
Elkenien kin in ingel wêze, elk kin meidwaan. Ingelen binne minsken dy’t der efkes foar in oar wêze wolle om wat ljocht, treast en oandacht te bieden.
As ingel giest op of om de fjouwer Adventsneinen foarôfgeand oan Kryst hinne, fjouwer kear lâns de doar fan it adres datst tabedield krigest.
Mei bygelyks in kaartsje, in tekening, wat lekkers, in lyts kadootsje, in blomke, watst ek mar betinke kinst. (Foar ynspiraasje sjoch op: www.engelenproject.nl )
Dû bringst it anonym.
De datums binne 28 novimber, 5 desimber, 12 desimber & 19 desimber.
Dû kinst dy opjaan as Krystingel oant saterdei 20 novimber. Yn de rin fan de wike dêrop krigest fan de organisaasje in slûfke mei fierdere ynstruksjes én it adres dêr’t op of om 28 novimber hinne dyn (of jim) rol as krystingel begjint.
Dû kinst ek in gesin/bewenner/húshâlding foardrage foar omtinken troch in Krystingel.
Wy hoopje dat wy sa mei in “leger fan Ingelen” Eastermar ek yn de tsjustere dagen foar Kryst as stjer tusken de marren skine litte kinne!
Ha jo noch fragen? Dan kinne jo terjochte by Hetty Kramer, Tjitske Zeilstra, Tjitske Wijnsma, Wietske van der Zee of Annet Westerhof.
Opjefte foar Krystingel en/of immen foardrage foar besite fan in Ingel kin troch namme en adres uterlik 20 novimber oan te leverjen by Tjitske Zeilstra (Harstepaed 6).
Per mail mei ek: krystingel@gmail.com
-
- Informatie
- 26 september 2023
SIES Donateursilen 2023
Sneon 23 speptimber wie it jierliks donateursilen mei it Eastermarder skûtsje.De opkomst wie goed en... Fierder lêze » -
- Informatie
- 25 september 2023
Buurt De Kamp zit er weer prima bij op Burendag
Traditiegetrouw werd Burendag weer gevierd door buurtvereniging De Kamp in Eastermar. Na koffie en g... Fierder lêze » -
- Informatie
- 23 september 2023
Pat Zijlstra (de Zandloper) stookt ‘Oerfryske’ whisky
Us dream komt út! Al tijden schreef Geesje Zijlstra op het bord van de Zandloper over hoeveel dagen... Fierder lêze » -
- Informatie
- 21 september 2023
Verse groente van de Iterstùn
Donderdagavond 21 september (7 tot 8) zijn de volgende groenten te koop op de Iterstùn SpinazieRode... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 06 september 2023
AED- en reanimatietraining
Binnenkort wordt de AED- en reanimatietraining weer gegeven in De Hege Stins. Het betreft 1 avond&nb... Fierder lêze »