Yn de tsjustere dagen foar Kryst binne der hiel wat minsken dy’t ferlet ha fan ljocht, treast of in opstekker. Lokkich binne der ek hiel wat minsken dy’t dat jaan wolle en kinne! Yn dizze tiid fan ôfstân bewarje, is der mear as oars ferlet fan soarch foar elkoar, tichteby wêze en romte foar spontaniteit. Dit wurdt júst no ekstra bot mist. Iensumens leit op ’e loer. Dêrom sette wy yn Eastermar in krystingelprojekt op. Dêrmei wolle wy minsken, ynwenners fan Eastermar, (anonym) oan elkoar ferbine yn de moanne foarôfgeand oan Kryst.
Krekt no is der in soad ferlet fan ingelen
Eltsenien kin in ingel wêze, elts kin meidwaan. Ingelen binne minsken dy’t der efkes foar in oar wêze wolle om wat ljocht, treast en oandacht te bieden.
As ingel giest op of om de fjouwer Adventsneinen hinne fjouwer kear nei it adres datst tabedield krigest. Mei bygelyks in kaartsje, in tekening, wat lekkers, in lyts kadootsje, in blomke, watst ek mar betinke kinst. (Foar ynspiraasje sjoch op: www.engelenproject.nl) Dû bringst it anonym.
De Adventsdatums binne 29 novimber, 6 desimber, 13 desimber en 20 desimber
Dû kinst dy opjaan as krystingel oant saterdei 20 novimber. Yn de rin fan de wike dêrop krigest fan de organisaasje in slûfke mei fierdere ynstruksjes en it adres dêr’t op of om 29 novimber hinne dyn (of jim) rol as krystingel begjint.
Dû kinst ek in gesin/bewenner/húshâlding foardrage foar omtinken troch in krystingel.
Wy hoopje dat wy sa mei in “leger fan ingelen” Eastermar ek yn de tsjustere dagen foar Kryst as stjer tusken de marren skine litte kinne!
Ha jo noch fragen? Dan kinne jo terjochte by Hetty Kramer, Tjitske Zeilstra, Wietske van der Zee, Jantsje van der Veen of Annet Hamstra.
Opjefte as krystingel en/of immen foardrage foar besite fan in ingel kin troch it strookje ûnderoan dit formulier uterlik 20 novimber yn te leverjen by Tjitske Zeilstra (Harstepaed 6) of Jantsje van der Veen (Skûlenboargerwei 14). Per mail kin ek: krystingel@gmail.com
-
- Informatie
- 10 februari 2025
Skûtsje Ea hast wer klear
It herstel fan de skea oan it skûtsje, oprûn by de lêste IFKS-kompetysje yn 2024 op 'e Lemmer, is sa... Fierder lêze » -
- Informatie
- 05 februari 2025
Gezocht Nieuwe Havenmeester
Voor het komende seizoen zijn wij opzoek naar een nieuwe havenmeester.Wat verwachten we: Iemand die... Fierder lêze » -
- Informatie
- 05 februari 2025
EA-Bloeiweek 2025
Na het geweldige succes van Eastermar Bloeit in augustus 2024 zetten we Eastermar opnieuw in bloei i... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 januari 2025
Verslag sponsordag 2025 van St. it Eastermarder Skûtsje
In de kantine van het nieuwe bedrijfspand Metalis van schipper Geale Tadema was vrijdag 17 januari d... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 10 januari 2025
Winterferljochting Skûtsje-Ea
Hjoed is de winterferljochting wer fan it skûtsje helle.Earder as oars omdat it skûtsje kommend wyke... Fierder lêze »