ingelenprojekt

Krekt foar de jierwiksel noch efkes weromsjen nei hoe't it Ingeleprojekt ein novimber úteinset is en west hat, hoe is it belibbe troch de 'ingelen' en hoe't it ûntfongen waard troch de 84 adressen dy't besocht binne.
Hoe't it ta stân kaam is hat elkenien hjir en dêr fest wol wat fan meikrige. De beide Fryske kranten hawwe der in artikel oer skreaun, op de doarpsside en social media wie der wol wat oer te lêzen, en der waard oer praat.
It praat wie foaral posityf.
Hoe't it wie om ingel te wêzen en alhiel yn it tsjuster by de streek; anonym wat by in oar oan de doar hingje om't men net sjoen wurde woe. Yn it deistich libben sjocht men ommers ek net faak in ingel! Sa seach ik in 'ingel' mei de wiisfinger op de mûle: …. "Ssstt net groetsje, ik bin oan ’t ingeljen". Mar ek: …"De gerdinen wiene noch iepen, ik moast noch efkes wachtsje", of: …"Ik haw myn auto wat fierder fuort set, dan sjogge se my net". Of alhiel 'incognito' mei de kapusjon fier oer de holle lutsen op 'en paad.
In prachtige ûndernimming troch in groep fan 76 ingelen, dy't meimekoar 84 adressen besocht hawwe.

Mar hoe wie it eins om in ingel oan de doar te hawwen: ferrassend, oandwaanlik, tankber of miskien sels ûngemaklik?
In pear reaksjes binne der wol te dielen. Sa hie de ien in kaartsje oan de doar mei in betankje en in oar fûn in flesse wyn  op it te besykjen adres. It wiene foaral waarme reaksjes, gedichten: dat jimme oan my tocht hawwe, of: wat moai dat jimme dit foar my dogge.
Wurden fan tank kamen fia it e-mailadres fan it ingeleprojekt binnen, mar ek op 'strjitte' waard deroer praat. "Ik haw in ingel oan de doar hân, ik hie de triennen yn de eagen".
Sa’t de ingelen anonym bliuwe, sa bliuwe de besochte adressen ek anonym, yn alle gefallen wol fanút de wurkgroep, al hawwe wy der fansels gjin sizzenskip oer dat men der sels wol oer prate wol. It giet om it jaan, om hoe't in lyts gebaar grut útpakke kin, de lytse dingen dy't foar wat gelok soargje, ljochtpuntsjes, wat waarmte yn de tsjustere dagen, en soks kin yn stilte dien wurde. It deiljocht soe it goed ferdrage kinne, mar wy hawwe dêr net foar keazen.

Wy kinne mei rjocht sizze dat it Ingeleprojekt yn Eastermar in boppeslach wie, foaral yn dizze tiid no’t men mear as oars oan hûs bûn is en der krekt yn dizze tiid wol mear ferlet is fan wat ljocht en waarmte.
'Engelen bestaan niet', wie eartiids in ferneamd ferske, mar wy hâlde in slach om de earm, it soe samar kinne, in ingel op jins paad. En it soe samar kinne dat jo der sels ien binne.
                                             
Wietske van der Zee, Tjitske Zeilstra, Annet Hamstra, Jantsje van der Veen en Hetty Kramer

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: