Dei berntsjes fan Eastermar,
It is al hast safier! Ik kom wer nei Eastermar.
Ik bin al drok dwaande om de boat yn te pakken.
As jimme dit lêze, bin ik al ûnderweis nei Eastermar! Ik ha der tige sin oan om jimme allegear wer te sjen!
Saterdei 20 novimber kom ik mei myn Piten mei de boat nei Eastermar.
Wy sille om 15.00 oere oankomme by de Lits.
Alle berntsjes oant en mei groep 4 fan de basisskoalle binne wolkom yn ’e gymzaal. Jim meie ien foar ien mei jimme âlden in moaie tekening jaan of in ferlanglistje, of in brief (as jim my wat fertelle wolle) of in knap keunstje sjen litte.
Ik sjoch der nei út!
De bern fan groep 5 en 6 binne fan 15.30 oere ôf wolkom by basisskoalle de Twirre en de bern fan groep 7 en 8 by de Hege Stins. Dêr ha we Sinteklaasbingo mei aardige prizen.
Oant sjen op 20 novimber !
Groetnis, Sinteklaas
Ps: Sinteklaas en de Piten hâlde har oan ’e RIVM-rjochtlinen, wy freegje jim om dat ek te dwaan.
-
- Informatie
- 14 januari 2025
Pubquiz tbv Alpe d'Huzes/KWF
-
- Informatie
- 10 januari 2025
Winterferljochting Skûtsje-Ea
Hjoed is de winterferljochting wer fan it skûtsje helle.Earder as oars omdat it skûtsje kommend wyke... Fierder lêze » -
- Informatie
- 10 januari 2025
Steun Team Eastermar voor Lokaal Loket
Raimondo (l) en Henk (r) gaan dit jaar deelnemen aan de Tour Alpine Multi Challenge. Deze tocht zull... Fierder lêze » -
- Informatie
- 09 januari 2025
Sinkhole op it Wytfean?
Op 'e hoeke fan de Seadwei en de Achtienenweg leit de dyk der mar raar by, it liket wol in sinkhole... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 24 november 2024
Intocht Sinterklaas in Eastermar
Sinterklaas is weer in Eastermar! Deze keer niet met de stoomboot maar te voet door de weersomstandi... Fierder lêze »