
Yn it hert fan Eastermar stie jim doar altyd iepen,
in plak dêr’t elkenien efkes binnenrûn.
Foar in bôle, in pakje molke,
in pakketje of gewoan in praatsje by de kassa.
Sjouke, Sippie, Tjitske en alle oaren,
fêste gesichten, altyd tichtby.
Mei tiid foar in grapke,
in wurd fan treast of krekt in goed advys.
Bern kamen grutsk mei har earste bûsjild,
en krigen út it koekblik in spekje mei.
Alderein koe de winkel noch berinne,
en wist: hjir wurdt om ús tocht.
As de diken glêd wiene
en nimmen it doarp út koe,
dan wie dêr de drokte by jim winkel,
want Alles ûnder ien dak
wie mear as in winkel allinne.
Der waard besoarge,
bôle snien, klean nei de stomerij brocht,
der waard heard en sjoen.
Jim wisten fan alles wat der spile yn it doarp,
en it doarp wist jim altyd te finen.
No giet de doar ticht,
en dat lit in stille lege efter.
Mar yn in soad herten
bliuwt jim waarmte bestean.
Tankewol foar al dy jierren,
foar de soarch, de tiid en de trou.
Ut namme fan alle fêste klanten:
tankewol foar alles.
-
- Informatie
- 12 november 2026
Sint-Maartenoptocht in Eastermar
De Sint-Maartenoptocht in Eastermar werd dit jaar opnieuw muzikaal omlijst door De Marko’s. De drumb... Fierder lêze » -
- Informatie
- 02 november 2026
Novemberconcert – Fanfare Joost Wiersma
7 november 2026 – De Hege Stins, Eastermar Aanvang: 20:00 uur Dirigent: Ido Gerard Kempenaar Fanfare... Fierder lêze » -
- Informatie
- 01 november 2026
Lichtjesavond Eastermar
Zondag 13 t/m vrijdag 18 december 2026Elke 2e zondag in december wordt Wereldlichtjesdag gehouden. O... Fierder lêze » -
- Informatie
- 01 november 2026
Algemene Ledenvergadering Eastermarder Doarpsfeest
De algemene ledenvergadering wordt dit jaar gehouden op 25 november. Locatie: Sportcomplex De Burger... Fierder lêze »