de slach om e brege

Oer hoe’t it komme sil of komme moat mei de 60-jier âlde brêge oer De Lits is de ôfrûne perioade al hiel wat sein en skreaun. Tongersdeitejûn (25 maart 2021) die de gemeenteried dêr nochris in skepke boppe-op. (Online te besjen, start op 5.25 oere) Op opniëarjende wize – wat ynhâldt dat elk riedslid syn miening oer dat ûnderwerp nei foaren bringe kin sûnder dat der fuortdaliks in definityf beslút naam wurdt – hat de ried it kolleezje fan B&W ynformaasje meijûn om in definityf en beslútfoarmjend útstel te meitsjen.

Dat sil nei alle gedachten fóár july klear wêze en dan wurdt bepaald hoe’t dizze wâlferbining derút komt te sjen.

Der wienen fjouwer ‘farianten’ te bepraten:

  1. It renovearjen fan ‘e besteande brêge (kosten 1,6 miljoen Euro);
  2. In folslein nije brêge op itselde plak (4,1 milj. Euro);
  3. In fêste brêge mei 3 mt. trochfarhichte op itselde plak (2,5 miljoen Euro);
  4. En wat de betsjinning oangie hie de gemeenteried it idee om by de Eastermarders sels te hifkjen oft hja as brêgewippers ynset wurde woenen.

Foar dy 4-de fariant hat Doarpsbelang in enkête opsteld, mar dêr kaam amper reaksje op en dus koe dy skrast wurde.

Troch brieven, sjenswizen en ynsprekbeurten waard tongersdei dúdlik dat de fêste brêge-fariant eins ek net rekkenje kin op in soad stipe. Ut ús doarp, de Rottefalle, de gemeente Smellingerlân, de provinsje Fryslân, it lanlike Wettersportbûn en noch in tal oare ferienings en ynstellings kamen hiel wat arguminten om de rekreative en toeristyske kwaliteit fan Lits-Lauwersmarrûte, de Leien en Eastermar sels net mei in fêste brêge te ferminderjen. 

Foar dizze argumintaasje wienen de riedsleden ek wol gefoelich en sa spitste de stânpuntewikseling har ta op de farianten 1 en 2. Dus wól in beweechbere brêge foar Eastermar behâlde! Dat liket yn alle gefallen de earste winst. 

In pear riedsleden woenen dochs nochris omtinken foar de brêgebetsjinning troch Eastermarders sels.

Opfallend wie dat de Feriening fan Doarpsbelang Eastermar gjin foarkar foar hokker fariant dan ek mar nei foarren brocht hat.

Der tekene him in mearheid ôf foar fariant 1, it renovearjen fan ‘e besteande brêge. Dan is it neffens de gemeente net nedich om needtafierwegen en in needbrêge foar it autoferkear oan te lizzen omdat dit kerwei minder tiid nimt as fariant 2. Neidiel is lykwols dat dizze oanpak soelaas jout foar 20 jier en dat men dan wer mei deselde problemen komt te sitten. Mar de polityk is goed yn ’t foarútskowen fan problemen.

By fariant 2 is men mei in folslein nije beweechbere brêge klear foar de kommende 60 jier, mar duorret it wurk wol rom in heal jier en it is de djoerste fariant. Dan sil der wis in needbrêge oan ‘e súdkant foar autoferkear komme moatte, want as dat net bart dan krije Grutte Hoarst, Toerleane, Skûlenboargerwei in soad ferkear te ferstouwen. Ek rjochting Rottefalle sil it dan drokker wurde.

De ad hoc oprjochte wurkgroep D’r ûndertroch brocht mei in filmke de bou fan in akwadukt ûnder de oandacht fan de riedsleden. Dy wienen lykwols gau klear mei dat idee, want dat soe dan 20 (!) miljoen euro kostje moatte. Dat gie de wurkgroep ek rûch genôch en de hurde kearn fan ‘e groep (Klaas Land en Wijbe Postma) ha doe mar besletten om de wurkgroep op te heffen. It neamde filmke is hjir no noch wol te sjen, want dêr hat Josse Postma in soad tiid yn stutsen en it is skande om samar wei.

Wijbe Postma

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: