Saterdeitemiddei 24 augustus bellen 3 famkes by ús oan. It wienen Douwina Snip, Alyke Sipma en Esmee Bies (sjoch taheakke foto). Hja binne 11 jier en hienen it folgjende boadskip: “Wy wolle hjoed by de doarren lâns om jild op te heljen foar in goed doel. En wy hienen tocht om dat te dwaan foar FamtoFam. Fine jim dat goed?”. Fansels fûnen wy dat goed en wy ha de famkes in kollektebus jûn en wat folderkes oer FamtoFam. En dêr gienen se. Healwei de middei seagen we de famkes wer. No wie Esmee der net mear by mar hie Justine van der Veen har plak ynnaam. It wie waarm dus earst mar efkes wat drinke by ús efterhûs fansels. De froulju wienen tefreden oer it ferrin fan de aksje oan no ta en hja hoegden eins nergens in karweike te dwaan om oan sinten te kommen. Minsken joegen spontaan wat jild. It wie al hast 6 oere doe‘t hja klear wienen. Doe jild telle fansels. It die bliken dat hja € 32,55 ophelle hienen foar FamtoFam. Samar, spontaan, op in moaie saterdeitemiddei. Prachtich. Binne wy bliid mei. Tige tank, út namme fan al dy bern yn Armenië dy’t ús help o sa nedich ha.
-
- Informatie
- 06 juli 2025
De earste nijsbrief fan st. Iepenloftspul Eastermar
De earste nijsbrief fan it Iepenloftspul Eastermar, dat yn septimber 2026 plakhawwe sil, is in feit... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 02 juli 2025
Beachbarren 2025
Op 12 july om 13:30 oere is it wer safier: it Breed wurdt omboud ta in echt strân en teams stride we... Fierder lêze » -
- Informatie
- 01 juli 2025
Eastermar is...
...hielendal wer kreas nei in prachtich doarpsfeest mei moai waar! Fierder lêze »
-
- Informatie
- 14 januari 2025
Pubquiz tbv Alpe d'Huzes/KWF